Ottar

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ottars reizen

Ottar, Ohthere of Othere (9e ieu) wie in rike keapman út Hålogaland, Noarwegen, dat wie doetiids it noardlikst bewenne gebiet fan Noarwegen. Hy farde nei it noarden (± 890) om út te finen hoefier't it lân him útstrekke yn dy rjochting, farde om de Noardkaap hinne en sylde lang om let eastlik en súdlik de Wite See yn. Hy rekke oan in rivier dy't wierskynlik de Noardlike Dvina west hat.

Ottar beskriuwt de gebieten dêr't er troch kaam as ferlitten en bar, útsein in tal Finnen as iennige bewenners (Saami). Wol meldt er in soad walrussen yn dy kriten, dy't doetiids in protte bejage waarden om harren hûd en ivoar en dus grage waar wienen.

It ferhaal fan Ohthere bleau bewarre om't hy it ferhelle oan it hof fan kening Alfred fan Wesseks, dêr't it opskreaun waard yn de Angel-Saksyske Kronyk.