Waalke van Borssum Waalkes
Waalke van Borssum Waalkes | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Waalke van Borssum Waalkes | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 9 april 1818 | |
berteplak | Goaiïngaryp (Fryslân) | |
stoarn | 12 novimber 1866 | |
stjerplak | Goaiïngaryp (Fryslân) | |
etnisiteit | Eastfrysk Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | predikant | |
aktyf as | oersetter, deiboekskriuwer, frisiast | |
jierren aktyf | 1844 – 1860 | |
reden bekendheid |
1e oersetter fan it Evangeelje fan Markus yn it Frysk | |
bekendste wurk(en) |
Da Godstyding Bescreauwn trog Marcus |
Waalke van Borssum Waalkes (Goaiïngaryp, 9 april 1818 – dêre, 12 novimber 1866) wie in herfoarme dûmny, oersetter en deiboekskriuwer. Hy kaam út in laach dat fan Eastfryske oarsprong wie, en syn âlden wiene dû. Pieter van Borssum Waalkes (1795-1881) en Gesina Catherina Tenckinck. Yn Grins studearre er fan 1835 ôf oan 'e universiteit teology en âlde letteren. Fan 1844 oant syn dea wied er predikant te Gau. Hy wie net troud.
Van Borssum Waalkes beskôge himsels as in learling fan Louis Gerlach Pareau, in fertsjintwurdiger fan de Grinzer rjochting. Troch syn modernistyske opfettings kaam er mear as ienris yn oanfarring mei de konservativere leden fan syn gemeente. As predikant lei er him ta op 'e kategeze, mar dêrnjonken wied er in fûleindich strider foar de ynfiering fan it Frysk as tsjerketaal, en hy sette om 1860 hinne as earste it Evangeelje fan Markus oer nei it Frysk. Hy wie gjin begenedige sprekker. Syn deiboek, dat er mei ûnderbrekkings byhold fan 1840 oant 1853, toant him ûnwis yn syn leauwensoertsjûgings, mar oprjocht sykjende.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Da Godstyding Bescreauwn trog Marcus, (oers. W. van Borssum Waalkes), ±1860.
- It Evangeelje neffens Markus Forfryske: Yn de Hjoeddeiske Stavering Oerbrocht (werprintinge oers. W. van Borssum Waalkes mei ynlieding troch P. de Clercq), Snits, 1912.
- Dagboek (yn bewarring by Tresoar).
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Brouwer, H., Waalke van Borssum Waalkes (1818-1866) en syn oersetting fan it evangeelje fan Markus. Ferlike mei oare Fryske evangeelje-oersettingen benammen út 'e njoggentjinde iuw troch Hindrik Brouwer. Fryske Akademy Leeuwarden/Ljouwert 1997. Akademy-nummer 847. ISBN 9 06 17 18 473. 477 s.