Urban X Award

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Urban X Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêste pornografyske films op it mêd fan "etnyske" (dat wol sizze: net-blanke) pornografy. Dêrby giet it om pornofilms mei Aziatyske, swarte of Latynsk-Amerikaanske aktrises, en yn it gefal fan ynterrasiale pornografy ek mei blanke aktrises. Dizze prizen waarden yn 2008 oprjochte troch de Afro-Amerikaanske pornoregisseur Giana Taylor. De winners wurde keazen troch de fans op 'e webside stimme te litten.

De earste útrikking fan 'e Urban X Awards, dy't doe noch fan Urban Spice Awards hieten, fûn plak op 8 juny 2008 yn it Platinum Live yn Studio City te Los Angeles, en waard presintearre troch de swarte pornoakteur en -regisseur Sean Michaels en aktrise Olivia O'Lovely, dy't fan Latynsk-Amerikaansk komôf is. Sûnt is de útrikking altiten holden yn july yn Los Angeles. Yn 2012 waard it foar it earst útstjoerd op tillevyzje. Under de pornoaktrises dy't alris in Urban X Award wûn hawwe, binne Kapri Styles, Nyomi Banxxx, Francesca Le, Lisa Ann en Shyla Stylez.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.