Triotel

Ut Wikipedy
Triotel
  sikehûs
Prinsesse Beatrix ferrjochtet de iepening fan Triotel.
Prinsesse Beatrix ferrjochtet de iepening fan Triotel.
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert (gemeente)
plak Ljouwert (stêd)
adres hoeke Borniastrj./Eastergoawei
koördinaten 53°11′25″N 5°48′7″E
bysûnderheden
type algemien sikehûs
ferpleechhûs
fersoargingshûs
streaming sekulier
bêden 580
skiednis
oprjochting 1971
opheffing 1982
fuortk. út Stedssikehûs
opgien yn Medysk Sintrum Ljouwert
gebou
namme gebou Triotel
boujier 1968-1971
boustyl modern
kaart
Triotel (Ljouwert)
Triotel
Eardere lokaasje yn Ljouwert.

It Triotel is in earder gemeentlik sikehûs yn de stêd Ljouwert.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Triotel waard yn 1968-1971 boud as ferfanging fan it Stedsikehûs oan it Blokhuisplein. De earste stien/ tinkstien waard op 25 oktober 1968 lein troch steatssekreataris foar Sosjale Saken en Folkssûnens Roelof Kruisinga. It nije kompleks joech trije foarmen fan soarch: sikehûs, ferpleechhûs en fersoargingshûs. It gebou krige keunstwurken fan keramist Kees van Renssen en byldhouwer George van der Wagt.

It sikehûskompleks waard op 16 febrewaris 1971 yn gebrûk naam. It sikehûs hie 220 bêden, it ferpleechhûs 200 en it letter boude fersoargingshûs 160 bêden. Op 10 augustus 1971 waard Triotel troch Prinses Beatrix iepene.

Yn 1982 fusearre Triotel mei twa oare Ljouwerter sikehûzen: It roomsk-katolike Sint Bonifatius Hospitaal en Diakonessehûs ta it MCL. It Triotel waard omdoopt ta MCL-Súd. Yn 1987 boude it MCL op it terrein by Triotel in nij sikehûs. Yn 2004 waard de namme MCL-Súd wizige yn MCL. It ferpleechhûs fan Triotel / MCL krige yn 1989 de namme Bornia Herne. It fersoargingshûs krige de namme Abbingahiem en waard yn 2012 renovearre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: