Earste stien

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It dellizzen fan de earste stien is it - ornaris feestlike - begjin fan de bou fan in bouwurk. De stien wurdt faak dellein troch in wichtige of bekende persoan. Op de stien stiet faak in tekst mei de datum fan dellizzen en de namme fan de persoan dy't him dêr dellein hat. De earste stien hoecht perfoarst net de ûnderste stien te wêzen. De stien wurdt gauris op in heger plak ynmitsele sadat de tekst dy't derop stiet better lêsber is.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Commons Commons: Earste stien – foto, fideo en harktriemmen