Diakonessehûs (Ljouwert)

Ut Wikipedy
Diakonessehûs
  sikehûs
It Diakonessehûs, mei in ferbouwing dy't net oanslút by it monumintale gebou.
It Diakonessehûs, mei in ferbouwing dy't net oanslút by it monumintale gebou.
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert (gemeente)
plak Ljouwert (stêd)
adres Noardersingel 88
koördinaten 53°12′18.35″N 5°47′26.53″E
bysûnderheden
type algemien sikehûs
streaming protestantsk
skiednis
oprjochting 1880
opheffing 1982
opgien yn Medysk Sintrum Ljouwert
gebou
namme gebou Diakonessehûs
arsjitekt Willem Cornelis de Groot
boujier 1894
boustyl neorenêssansisme
monumint. status Ryksmonumint
monumintnûmer 519882
ferbouwing 1931, 1987
kaart
Diakonessehûs (Ljouwert-Binnenstêd)
Diakonessehûs
Lokaasje yn Ljouwert.

It Diakonessehûs waard yn 1880 troch Mattheus Teffer oprjochte. De fraach nei sikehûssoarch wie sa grut dat it Diakonessehûs nei twa jier al ferhuze nei in grutter ûnderkommen op de Foarstreek. Uteinlik wie yn 1894 in nij gebou oan de Noardersingel ree. It waard boud yn neorenêssânsestyl neffens in ûntwerp fan Willem Cornelis de Groot.

It wie yn it earstoan mar in lyts gebou, mar letter waard der flink útwreide. It sikehûs boude in ferpleechflet mei fiif ferdjippings en letter noch in poliklinyk, dy't de Paul Krugerstrjitte mei de byhearrende (monumintale) huzen opslokte.

Yn 1982 fúzjearre it Diakonessehûs mei twa oare Ljouwerter sikehuzen: It Sint Bonifatius Hospitaal en Triotel ta it MCL. It Diakonessehûs waard omdoopt yn it MCL-Midden. Yn 1987 boude it MCL by Triotel in nij sikehûs en it Diakonessesikehûs gie ticht

Nei 1987 is it sikehûs hast hielendal ferboud ta wenten.

Fotogalery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]