Termuntersyl

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing Termuntersyl
Gemaal Cremer, Termuntersyl

Termunterzijl is in doarpke oan de Westeriems yn de gemeente Delfsyl yn Grinslân.

It doarp is ûntstien neidat yn 1601 yn it Termuntersyldjip een skutslûs oanlein waard. Oan de ein fan de Frânske tiid wie Termuntersyl militêr wichtich omdat der in batterij fêstige wie foar it belis fan Delfsyl (1813-1814). Mids 19e ieu wie it in fiskers- en hannelsplak. Dat lêste hie it foaral te tankjen oan de bloei fan de feankoloaniale skipfeart. It doarp hie doe 50 huzen en 340 ynwenners. [1]. Yn de lêste desenniums fan de 20e ieu waard de rekreaasjefeart wichtich foar de haven. By de ferheging fan de diken op deltahichte yn 1972 waard in nije slûs en in útdykske stoarmfloedkearing oanlein. Yn 2000 wie it kombinaasjegemaal Rozema klear. It âlde gemaal Cremer út 1930 en 1931 is der ek noch altyd. Op it heden wenje der sa'n 270 minsken (2008)..[2]

Tusken 1919 en 1948 rûn de stoomtramline fan de Stoomtramweg-Maatschappij Oostelijk Groningen troch Termuntersyl .

Boppe de âlde syl stiet de Boog van de Ziel: de brêge boppe de âld slûs dy't fersierd is mei de wapens fan de sylfesten de sylfesters.

Termuntersyl is in beskerme doarpsgesicht. Troch it doarp rint de Ynternasjonale Dollardrûte. Tsjintwurdich hat it doarp in opspuite sânstrân foar rekreaasje.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alphabetisch register van alle bewoonde oorden des Rijks, Departement van Oorlog, Éd. Erven Doorman, 's-Gravenhage, 1850
  2. Sintraal Buro foar Statistyk(CBS), Statline: Kerncijfers wijken en buurten 2003-2005. 1 January 2005.