Terentius

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In portret dêr't fan beweard wurdt dat it fan Terentius is (út 'e Codex Vaticanus Latinus 3868, mooglik oerskildere fan in trêde-ieusk orizjineel).

Terentius, folút: Publius Terentius Afer (195/185-159 f.Kr.), wie in Romeinsk toanielskriuwer fan Berbersk komôf. Hy waard as slaaf nei Rome ta brocht en makke dêr furoare mei in seistal toanielstikken. Neffens de tradysje stoar er jong.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Oer Terentius syn libben is net in protte bekend. Om te begjinnen is syn bertejier al omstriden; Aelius Donatus, de auteur fan 'e ûnfoltôge Commentum Terenti, miende dat er yn 185 f.Kr. berne wie, wylst de histoarikus en ensyklopedist Fenestella hawwe woe dat er tsien jier earder te wrâld kaam, yn 195 f.Kr. Foar 't neist leit oan dizze striidkwestje in simpele ferskriuwing ta grûnslach, mar wat it goede jier is, is no net mear te efterheljen.

It is mooglik dat Terentius yn Kartago berne waard, of yn it Grykske suden fan Itaalje, as de soan fan in Kartaachske slavinne. Mar syn cognomen Afer wiist derop dat der in konneksje is mei it folk dat de Romeinen de Afri neamden, in lânseigen Libyske stamme dy't nei-oan Kartago libbe (yn wat tsjintwurdich it westen fan Lybje is, deunby de Tunezyske grins). Yn 'e tiid dat Terentius libbe, waarden de termen Afer en Afri nammentlik útslutend brûkt foar Libyske Berbers dy't net etnysk Kartaachsk wiene (foar lju dy't dat wol wiene, waard de term Punicus brûkt). Yn letter ieuwen, lykwols, begûnen de Romeinen eltsenien fan it westlik part fan 'e súdkust fan 'e Middellânske See mei Afer oan te tsjutten en ûntstie út dy term de namme Afrika, earst foar in beskate Romeinske provinsje, en letter foar it hiele wrâlddiel. Sadwaande hat men dus beriddenearre dat Terentius in Berber west hawwe moat.

Hoe dan ek, hy waard ferkocht oan in Romeinske senator, in P. Terentius Lukanus, dy't him syn eigen namme joech en him in klassike oplieding bea. Neitiid wied er sa ûnder de yndruk fan Terentius syn feardichheden as toanielskriuwer, dat er him syn frijheid skonk. Terentius skreau seis komeedzjes, dy't allegearre oerlevere binne, en dy't allegearre tusken 170 en 160 f.Kr. foar it earst opfierd waarden. It bekendste sitaat út syn wurk komt út it toanielstik Heauton Timorumenos: "Homo sum; humani nihil a me alienum puto" ("Ik bin in minske; neat minskliks is my frjemd"), dat ek hjoed de dei noch, almeast mei weilitting fan it foarste sinsdiel en ferbûging fan 'e rest ("Neat minskliks wie him frjemd"), noch gauris yn hast alle Westerske talen brûkt wurdt.

Doe't er 25 (of 35) jier wie, ferliet Terentius Rome om der nea werom te kommen. Neffens guon skriuwers út 'e Aldheid soed er op see de drinkeldea stoarn wêze nei't er skipbrek litte ûnderweis fan Grikelân werom nei Rome. Mar it is fansels likegoed mooglik dat er gewoan nei syn heitelân weromkeard is doe't er ienris syn frijheid wûn hie.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Krekt as Plautus paste Terentius Aldgrykske toanielstikken oan út 'e lette faze fan 'e Attyske komeedzje. Mar hy wie mear as in sljochtwei oersetter, sa't guon moderen ûntdekkings fan Aldgrykske stikken dy't ferlern waand wiene, bewiisd hawwe. Terentius liende út 'e âldere wurken in autentyk Gryksk maatskippijbyld út 'e trêde ieu f. Kr., mar foege dêr eigen dramatyk oan ta. Hy skreau yn 'e Latynske sprektaal, yn in styl dy't de measte lju dy't him yn it orizjineel lêze kinne, tige noflik en direkt oankomt.

toanielstikken

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.