St. Ignace (Michigan)

Ut Wikipedy
St. Ignace
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Michigan
County Mackinac County
Sifers
Ynwennertal 2.452 (2012)
Oerflak 7,0 km² (ynkl. wetter)
6,9 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 353,2 / km²
Hichte 179 m
Oar
Stifting 1671
Tiidsône UTC –5
Simmertiid UTC –4
Koördinaten 45°51′57″N 84°43′33″W
Offisjele webside
www.stignace.com
Kaart
De lizzing fan St. Ignace yn Mackinac County en yn 'e steat Michigan.

St. Ignace, soms stavere as Saint Ignace (útspr.: [se:nt ɪɡ'næ:s], likernôch: "seent ik-nês"), is in stêd yn 'e Amerikaanske steat Michigan. Dit plak leit oan 'e súdkust fan Opper-Michigan, deunby de noarderein fan 'e Mackinac Brêge oer de Strjitte fan Mackinac. St. Ignace is it haadplak fan Mackinac County. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie de stêd doe krapoan 2.500 ynwenners.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

St. Ignace leit op 179 m boppe seenivo, en hat in oerflak fan 7,0 km², wêrfan't 0,03% út wetter bestiet. De stêd leit oan 'e sintrale súdkust fan Opper-Michigan, oan 'e Strjitte fan Mackinac, in ingte dy't de Michiganmar yn it westen mei de Hueronmar yn it easten ferbynt. Fuort benoarden St. Ignace leit it plattelânsdistrikt St. Ignace Township, dat deselde namme hat as de stêd, mar bestjoerlik selsstannich is.

It Museum of Ojibwa Culture, wijd oan 'e kultuer fan 'e Ojibwe-Yndianen.

Deunby St. Ignace leit de noardlike útein fan 'e Mackinac Brêge, dy't oer de Strjitte fan Mackinac hinne rikt en sa Opper-Michigan mei Neder-Michigan ferbynt. Oan 'e súdlike ein fan 'e brêge leit Mackinaw City, dêr't St. Ignace sadwaande in protte gedoente mei hat. Oer de Mackinac Brêge hinne rint de autosneldyk Interstate 75, dy't dêrnei dwers troch St. Ignace giet, yn noardeastlike rjochting nei de grinsstêd Sault Ste. Marie en dan fierder yn Kanada op. Foar reizgers dy't út Neder-Michigan komme, is St. Ignace sadwaande de poarte ta Opper-Michigan.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar't de krite fan St. Ignace troch de blanken kolonisearre waard, wie it gebiet al tûzenen jierren lang bewenne troch de Yndianen. Yn 'e iere koloniale perioade hiene de Huroanen of Wiandot (Huron of Wyandot) der de oerhân, mar fan it begjin fan 'e achttjinde iuw ôf rekke it fierhinne befolke troch de Odjibwe (Ojibwe) en de Ottawa, dy't mei de súdliker libjende Potawatomy (Potawatomi) de Ried fan Trije Fjurren foarmen.

Yn 1671 rjochte de Frânske ûntdekkingsreizger en misjonaris Jacques Marquette in jezuïtyske missypost op oan 'e súdkust fan Opper-Michigan, dy't er Saint-Ignace neamde, nei de hillige Ignatius fan Loyola, de stifter fan 'e jezuïtyske kleasteroarder. As men dat jiertal oanhâldt as de stifting fan St. Ignace (en dat wurdt ornaris dien), dan is St. Ignace de op ien nei âldste stêd fan Michigan, nei Sault Ste. Marie, dat yn 1668 ek troch Marquette stifte wie. Yn 1681 waard yn 'e neite fan St. Ignace de hannelspost Fort de Baude fêstige, dy't lykwols yn 1697 wer opheft waard. Yn 1705 waard ek de missypost opdoekt, mar tsjin dy tiid wie St. Ignace in Yndiaansk doarp fan oansjenlik omfang wurden, en bleau it ek sûnder dy foarsjennings bestean.

It grêf fan 'e Frânske ûntdekkingsreizger en misjonaris Jacques Marquette.

Yn 1763, oan 'e ein fan 'e Frânske en Yndiaanske Oarloch, kaam St. Ignace yn Britske hannen, en nei de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch kaam it yn 1783 yn namme ta de Feriene Steaten te hearren, al duorre it noch oant 1796 ear't de Britten Opper-Michigan ek wurklik oerdroegen. Oarpronklik wie St. Ignace in wichtich plak op it mêd fan 'e lukrative pelshannel, mar tsjin 'e iere njoggentjinde iuw rekke it datoangeande yn 'e nederklits, doe't it Amerikaanske regear nei de Oarloch fan 1812 it near lei op it kommen en gean fan Britske en Kanadeeske keaplju.

It stedhûs fan St. Ignace.

Yn 1882 krige de ekonomy fan St. Ignace in wichtige ympuls doe't it spoar fan 'e Detroit, Mackinac and Marquette Railroad oanlein waard, dy't de krite fan 'e Strjitte fan Mackinac mei de yndustrystêd Detroit ferbûn. Op 23 febrewaris 1882 krige St. Ignace offisjeel de status fan doarp, en in jier letter, yn 1883, krige it stedsrjochten. Tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw begûn de stêd syn earste toeristen te lûken, fanwegen de feartsjinst mei Mackinac-eilân (yn 'e Strjitte fan Mackinac), dat him ta in populêr fakânsjeoard foar yn 'e simmers ûntjoech. Sûnt de 1980-er jierren is St. Ignace sels ek in toeristyske bestimming wurden, benammen fanwegen syn konneksje mei Jacques Marquette (dy't der begroeven leit) en de iere kolonisaasje fan Michigan.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010) hie St. Ignace yn 2012 in befolking fan 2.452 minsken. Dat betsjut in delgong fan 8,4% foar de befolkingsgrutte fan 2000 oer, doe't de stêd noch 2.678 ynwenners hie. De befolkingstichtens bedroech yn 2010 353,2 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan St. Ignace 17,7% âlder as 65 jier en 21,3% jonger as 18 jier. Fierders bestie 40,5% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 9,0% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 62,3% blanken; 27,8% Yndianen; 1,1% Latino's; 1,0% swarten; 0,3% Aziaten; 7,5% oaren of fan mingd etnysk komôf. Mei hast in trêdepart fan 'e befolking dat út Yndianen bestiet, sit St. Ignace datoangeande fier boppe it Amerikaanske nasjonale gemiddelde. Dizze befolkingsgroep bestiet yn St. Ignace yn haadsaak út etnyske Odjibwe (Ojibwe of Chippewa) en Ottawa, twa nau besibbe Algonkwynske folken. Yn St. Ignace is it haadkertier fêstige fan 'e troch de steat Michigan erkende Mackinac Troepen fan Tsjippewa en Ottawa Yndianen, en de federaal erkende Sault Ste. Marie Stamme fan Tsjippewa Yndianen fan Michigan besit en runt in kasino op syn lân yn St. Ignace.

It postkantoar fan St. Ignace.
De haven fan St. Ignace.

Berne yn St. Ignace[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn St. Ignace[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

St. Ignace hat in fochtich lânklimaat, mei waarme, koarte simmers en kâlde oant ekstreem kâlde winters. Yn july en augustus, de waarmste moannen, leit de trochsneed temperatuer oerdeis om 'e 24 °C hinne, en yn febrewaris, de kâldste moanne, is dat likernôch –2 °C. (mei in trochsneed nachttemperatuer fan –11 °C). St. Ignace kriget jiers trochinoar ûngefear 800 mm delslach.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.