Skoattertsjerke

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kerk Oudeschoot 12.JPG

De Skoattertsjerke is it tsjerkegebou van de Protestantske Tsjerke yn Aldskoat.

De sealtsjerke út 1752, ynwijd op 26 novimber, ferfong in houten gebou út 1610. It tsjerkje waard boud yn opdracht fan Menno Coehoorn fan Scheltinga, grytman fan Skoatterlân. Boppe de yngong is in gevelstien oanbrocht. De kânsel is yn Loadewyk XIV-styl útfierd. De klok út 1758 waard yn de Twadde Wrâldoarloch troch de besettere foardere.

Yn 2002 waard ter fiering fan it 250 jierrich jubileum yn twa ramen brânskildere glês oanbrocht. Yn 2007 waard it houten tuorke restaurearre. By dizze wurksumheden waard ûntdekt dat it hout fan de hiele tsjerke troch houtwjirm en de hûsboktor oanfretten wie. Foar de restauraasje waard troch de gemeente It Hearrenfean ekstra jild beskikber steld.

Sjoch ek [bewurkje seksje]