Tsjerken yn Fryslân

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje

Tsjerken yn Fryslân jout in oersjoch fan de arsjitektuer fan de tsjerkegebouwen as kultureel erfguod yn Fryslân.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Romaansk

De ierste romaanske tsjerken waarden op terpen boud. De tsjerken mei in sealdaktoer waarden oplutsen út dowestien dat út de Eifel oanfierd waard. Inkele tsjerken waarden letter wizige of útwreide.

Letter waarden de tsjerken boud fan kleastermoppen (reade bakstiennen). Tsjerken binne û.o. te finen yn: Ealsum, Boer, Boazum, Britsum, Dearsum, Jistrum, Eksmoarre, Feinsum, Foudgum, Hantum, Hichtum, Húns, Hijum, Jelsum, Rinsumageast, Stiens, Surhuzum en Swichum.

[bewurkje seksje] Romanogotyk

Romanogotyske tsjerken stean û.o. yn: Burgum, Hantumhuzen en Wurdum.

[bewurkje seksje] Gotyk

De gotyk yn Fryslân skaaimerket him by doarpstsjerken troch it faak fêsthâlden oan it ienbeukige skip en de sealdaktoer út de romaanske perioade. Sa'n toer hat ek, as ienige stêdstsjerke, de Martinytsjerke yn Boalsert. Oare gotyske stêdstsjerken binne de Martinytsjerke yn Frjentsjer, de Grute of Jacobinertsjerke yn Ljouwert en de Sint-Gertrudistsjerke yn Warkum. Fan belang is ek de Aldehou yn Ljouwert, de toer fan de fierder ferdûne Sint-Vitustsjerke. Der binne û.o. gotyske doarpstsjerken te finen yn Blessum, Boksum, Stynsgea, Kollum, Stiens, Ferwert en Minnertsgea.

[bewurkje seksje] Renêssânse

Tsjerken út de 16e ieu

[bewurkje seksje] Klassisisme

Tsjerken út de 18e ieu

[bewurkje seksje] Neoklassisisme

Tsjerken út de 18e en de earste helt fan de 19e ieu.

[bewurkje seksje] Neogotyk

Neogotyske tsjerken yn Fryslân binne boud yn de twadde helte fan de njoggentjinde en begjin tweintichste ieu.

[bewurkje seksje] Kultuereel erfguod

[bewurkje seksje] Stifting Alde Fryske Tsjerken

Om de tsjerken as kultureel erfgoed te behoedzjen foar ferfal en sloop waard yn 1970 de stifting Alde Fryske Tsjerken oprjchte. Dizze stifting is no eigener fan 34 tsjerken en twa klokkestuollen yn Fryslân.


[bewurkje seksje] Tsjerkepaad

Sûnt in oantal jierren organisearret de Rie fan Tsjerken en it Protestantsk Tsjinstensintrum yn Fryslân Tsjerkepaad. Yn de moannen july, augustus en septimber wurden op sneonen hûndert tsjerken iepensteld. De dielnimmende tsjerken binne werom te kennen oan de Tjserkepaadflagge.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Literatuer

  • Kerken in Friesland:gebouwen, inrichting en gebruik, ûnder red. fan S. ten Hoeve, G.P. Karstkarel en Regn. Steensma, (1985), Baarn, Bosch & Keuning , ISBN 90-246-4542-5

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings
Oare talen