Sint-Eustasius

Ut Wikipedy
Sint-Eustasius
Statia
Flagge fan Sint-Eustasius Wapen fan Sint-Eustasius
Flagge Wapen
Lokaasje fan Sint-Eustasius
Offisjele taal Nederlânsk, Ingelsk
Haadstêd Oranjestêd
Steatsfoarm bysûndere gemeente fan Nederlân
Gebiet
% wetter
21 km²
-­%
Ynwenners (2007) 3300
Munt Amerikaanske Dollar (USD)
Tiidsône UTC -4
Nasjonale feestdei Statia Day, 16 novimber
Lânkoade BES
Ynternet .an/.nl (.bq)
Tillefoan 599

Sint-Eustasius is in bysûndere gemeente fan Nederlân. Tegearre mei Saba en Sint-Marten foarmet it de SSS-eilannen en heart it ta de Boppewynske Eilannen. It haadplak fan Sint-Eustasius is Oranjestêd. Pleatslik wurdt it eilân Statia neamd. It eilân hat in lingte fan 4,5 kilometer en in breedte fan 9 kilometer, it is sa’n 21 kante kilometer grut. Op Sint-Eustasius wenje likernôch 3.300 minsken.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kristoffel Kolumbus seach Sint-Eustasius yn 1493 foar it earst. Yn de oardel iuw dêrop waard it eilân troch tal fan mogendheden opeaske. Yn 1636 waard it kolonisearre troch Nederlân, benammen troch ynwenners fan Seelân. De Frânsen hienen yn 1629 in fort op it eilân boud, dat fort waard troch de Siuwen letter útwreide en Fort Oranje neamd. Sint-Eustasius is it plak dêr’t de earste Joadske delsetting stifte waard yn de Nije Wrâld. Dizze delsetting giet werom oan 't begjin fan de 18e iuw. De synagoge fan de Joaden, de Honen Dalim Synagoge waard boud yn 1739. Yn distiid is dizze synagoge net mear as in ruïne.

De haven fan Sint-Eustasius.

Sint-Eustasius waard yn de rin fan de tiid in wichtige trochfierhaven en wie it meast winstmeitsjende besit fan de West-Yndyske Kompanjy. Yn dy tiid waard it eilân wol de Gouden Rots neamd. Yn 1779 leinen mear as 3.000 skepen út Jeropa, Amearika en Afrika oan yn de haven fan Oranjestêd. Somtiden kamen der mear as 20 skippen deis oan. Yn de haven koenen 200 skippen tagelyk lizze en wennen der doe goed 25.000 minsken op Sint-Eustasius.

Doe’t de Amearikanen harren frijheidsstriid tsjin de Ingelsen begûnen, leveren de Nederlanners de wapens fia Sint-Eustasius. Dizze goede relaasje tusken de beide gebieten resultearre yn it ferneamde ‘Flagge ynsidint’ fan 16 novimber 1776. Op die dei hie it Amerikaanske skip de USS Andrew Doria, de nije Amerikaanske flagge yn top, Gallows Bay yn. It skip waard, yn opdracht fan gûverneur Johannes de Graeff, ynhelle mei 11 salútskotten. Hjirmei is Nederlân it earste lân dat de Feriene Steaten fan Amearika, de fakto, as ûnôfhinklik lân erkende. Dit barren wurdt elts jier fierd op de feestdei fan it eilân, Statia Day.

De Ingelsen ferklearren hjirop Nederlân de oarloch (Fjirde Ingelske Kriich). Dizze kriich wie tige min foar de hannel fan Nederlân. De oarloch liede der ta dat de Ingelsen op 3 febrewaris 1781 Sint-Eustasius bemasteren. Gûverneur De Graaff, dy’t doe noch nea ôfwist fan de kriichsferklearing, joech him oer oan de Britske admiraal George Brydges Rodney. Tsien moannen letter waarden de Ingelsen oermastere troch it Frânske leger, bûnsgenoaten fan de Nederlanners tsjin de Ingelsen. Yn 1784 krige Nederlân it kommando oer it eilân werom.

Oant 1983 foarme Sint-Eustasius, tegearre mei Saba en Sint-Marten, de Boppewynske Eilannen. Yn 1983 krige it eilân de status as selsstannich eilângebiet. It eilân hat ien sit yn de Steaten fan de Nederlânske Antillen.

In foto fan The Quill.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sint-Eustasius bestiet út in, fermoedlik, sliepende fulkaan yn it súdeasten fan it eilân, The Quill neamd, in feringelsking fan it Nederlânske ‘De Kuil’. Offisjeel heart de berch Mount Mazinga, it hat in hichte fan 602 meter. Yn it noarden fan it eilân leit in útdôve fulkanysk gebiet dat likernôch 200.000 jier âld is. Dêrtusken yn leit in relatyf plat gebiet, dêr't Oranjestêd leit.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op Sint-Eustasius wenje hjoed de dei likernôch 3.300 ynwenners. By de lêste folkstelling yn 2001 hie 78% fan de ynwenners de Nederlânske nasjonaliteit. Mar 45% fan de ynwenners is berne op it eilân.

Ingelsk is de taal dy’t it meast sprutsen wurdt op Sint-Eustasius; 83% hat dizze taal as memmetaal. Foar 6% is dit Spaansk en foar mar 4% it Nederlânsk.

Yn de rin fan de tiid hat Sint-Eustasius grutte ferskillen hân yn it ynwennertal. Yn 1665 wennen der 1.600 minsken op it eilân. Mei de grutte bloeiperioade fan it eilân, rûn 1780, wennen der tusken de 20.000 en 25.000 minsken. Nei de bemastering fan Ingelân yn 1781 sakke it ynwennertal hurd nei likernôch 7.600 ynwenners yn 1786. It tal ynwenners bleaun dêrnei noch lange tiid sakjen. Yn 1914 wennen der noch mar 1.437 minsken op it eilân, 20.000 minder as yn 1780.

Op Sint-Eustasius binne net echt ferskate doarpen en plakken te ûnderskieden. Sawat de hiele befolking wennet yn Oranjestêd oan de súdwestkust, of yn it gebiet dêr omhinne.

De omkriten fan Sint-Eustasius.

Befolkingsûntwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It bestjoer fan it eilân bestiet út in bestjoerskolleezje en in eilânried.

Sint-Eustasius hat ien sit ien de Steaten fan de Nederlânske Antillen.

Eilânried[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Utslach fan de eilânriedsferkiezings fan 20 april 2007
Partij Partijlieder Stemmen Persintaazje Sitten
Democratische Partij (DP) Julian Woodley 626 55,35 4
Progressive Labour Party (PLP) Clyde van Putten 270 23,87 1
St. Eustatius Empowerment Party (STEP) Franklin Brown 211 18,66 0
People's National Democratic Party (PNDP) Cyril Tearr 24 2,12 0
Opkomst 1.148 75,68 5

Gearstelling eilânried:

Histoarysk ferrin sitferdieling eilânried
Partij 2007 2003 1999 1995 1991 1987 1983
Democratische Partij (DP) 4 3 2 3 3 ? ?
Progressive Labour Party (PLP) 1 2 - - - - -
Sint Eustatius Alliance (SEA) - 0 3 2 2 ? ?
Totaal 5 5 5 5 5 5 5

Bestjoerskolleezje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bestjoerskolleezje :

Steatkundige herfoarmings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it referindum fan 8 april 2005 keazen de bewenners fan Sint-Eustasius foar it behâld fan de Nederlânske Antillen. Omdat alle oare eilannen derfoar keazen om de Nederlânske Antillen as steatkundige ienheid te ferlitte, waard keazen foar de opsje mei it twadde oantal stimmen, rjochtstreekse bannen mei Nederlân.

Utslach referindum fan 8 april 2005
Opsje Stimmen Persintaazje
A:Behâld fan de Nederlânske Antillen 605 76,6
B: Rjochtstreekse bannen mei Nederlân 163 20,6
C: Yntegraasje yn Nederlân 17 2,2
D: Unôfhinklikheid 5 0,6
Blanko en net-jildige stimmen ? -
Opkomst 790 56,0

Op 11 oktober 2006 berikke it eilân (tegearre mei Saba en Bonêre) oerienstimming mei Nederlân oer in nije status as bysûndere gemeente. Dit giet oan it ein fan 2008 yn.

Yn desimber 2006 waard bekend dat Noard-Hollân Saba, Sint-Eustasius en Bonêre by dy provinsje ha wol.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sint-Eustasius is net, lykas in protte oare eilannen yn de Karibyske See, in tradisjoneel toeristysk eilân omdat it net beskikt oer grutte sânstrânen en akkommodaasjes. Dochs probearret de oerheid it toerisme de stimulearje mei atraksjes as The Quill en it histoarysk sintrum. Op Sint-Eustasius leit in lyts fleanfjildsje, it Franklin D. Roosevelt Airport, mei ien lâningsbaan.

Op Sint-Eustasius wurkje relatyf folle minsken by de oerheid. Ek Statia Oil Terminals is in grutte wurkjouwer op it eilân.

Yn de jierren tachtich wie it mooglik om op it eilân in rydbewiis te helje, dat yn Nederlân om wiksele wurde koe foar in Nederlânsk rydbewiis. Hjir waard yn 1993 in ein oan makke.

Natuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it eilân libje fjouwer soarten flearmûzen. Dit binne de Artibeus jamaicensis, de Ardops nichollsi, de Brachyphylla cavernarum en de Molossus molossus.

Foar safier bekent hat it eilân gjin ynhiemske sûchdieren.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]