Johannes de Graeff
Ut Wikipedy
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
Mr. Johannes de Graaff, ek Johannes de Graeff (Sint Eustaasjes, 1729 - dêre 1813), wie de soan fan Simon de Graaff. Hy hie earst in sit yn de ried en wie letter kommandeur (meast gûverneur neamd) fan Sint Eustaasjes.
Johannes de Graaff is fral bekend fanwege it sa hjitten "First Salute," it kanonskot as salút oan it Amerikaanske marineskip Andrew Doria, dat op 16 novimber 1776 de rede fan Sint Eustaasjes opfarde mei de Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearring oan board. De Graaff besleat it salút fan it fregat te beanderjen mei alve salútskotten. De Amerikanen leinen dat út as de earste erkenning fan har ûnofhinklikens troch in bûtenlânske mogendheid en De Graaff waard as held eare.
Literatuer [bewurkje seksje]
- Barbara Tuchman, Het eerste saluutschot - Boek oer it ûnstean fan de Feriene Steaten fan Amearika. (1988)
- Hank Rice, Footnotes in History, "The First Salute." Sons of the American Revolution, 2000
- Laurentius Knappert, Geschiedenis van de Nederlandsche Bovenwindsche eilanden in de 18de eeuw
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Johannes de Graeff fan Wikimedia Commons. |