Roslyn (Washington)
Roslyn | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Washington | |
County | Kittitas County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 893 (2010) | |
Oerflak | 11,32 km² | |
Befolkingsticht. | 78,9 / km² | |
Hichte | 685 m | |
Oar | ||
Stifting | 1886 | |
Postkoade | 98941 | |
Tiidsône | Pacific (PST)UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Offisjele webside | ||
ci.roslyn.wa.us |
Roslyn is in plak (city) yn Kittitas County yn de Amerikaanske steat Washington. It plak hie neffens de folkstelling fan 2010 in ynwennertal fan 893 en neffens in rûzing yn 2012 hie it 900 ynwenners. It plak leit flakkeby Interstate 90 en leit sa'n 140 km eastlik fan Seattle.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stienkoal waard fûn yn de omkriten yn 1883 en yn 1886 waard it plattegrûn ûntwurpen en it plak stifte. Koalminen waarden úteinset troch the Northern Pacific Coal Company, in dochterûndernimming fan it Noardpasifysk Spoar. De opbringsten fan de stienkoal waarden brûkt foar de finansiering fan it spoar dat oanlein waard yn it ramt fan de ferbining fan Chicago nei Seattle en foar de oanlis fan de Stampede Tunnel, in spoar tunnel fan 3 km lang. Ek waard it stienkoal brûkt as brânstof foar de treinen oant de 1920er jierren doe it ferfongen waard troch diesel. Ek houtseagerijen kamen yn it plak.
De koalminen luts manlju oan út oare parten fan de Feriene Steaten en ek út Jeropa. Út Dútslân, Itaalje en ferskate Slavyske lannen kamen manlju en wurkje yn de minen. De befolkingsgearstalling fan Roslyn wie yn har iere jierren bestie dus út in ferskaat oan 24 nasjonaliteiten. Yn 1888 easken de mynwurkers in leansferheging, mar waard net met troch de Northern Pacific Coal Company. Dus folge in staking. It koalmynbedriuw hierde dêrop 300 Afro-Amerikanen út Firginia, Noard-Karolina en Kentucky. Hjirtroch waard it ferskaat yn Roslyn noch grutter. Dat ferskaat is noch te sjen op it Roslyn Begrefplak en ek yn de neikommelingen dy hjoeddedei noch yn Roslyn wenje.
Yn 1888 waard it plak troffen troch in brân, dat it grutste part yn 'e jiske lei. Kreksa as in soad plakken yn it 19e-iuwske Amearika wiene hûzen en winkels yn Roslyn boud fan hout. It plak waard rillegau werboud en no waarden gebouwen makke fan stien of sânstien.
It hichtepunt fan de koalproduksje wie yn 1910 doe't de produksje útkaam op 2 miljoen ton. It hiele plak draaide om de koalproduksje en de measte saken yn it plak wiene yn besit fan it Noardpasifysk Spoar of har dochter it koalbedriuw. Yn 1892 wie der in ûntploffing yn ien fan de minen, wêrby 45 mannen it libben ferlern hawwe.
Op 24 septimber 1892 waard it plak troffen troch in bankoerfal. Seis leden fan de 'McCarthy Gang berôven de Roslyn earm fan de Ben Snipes bank fan Ellensburg. De banditen slaggen deryn en knipe mei de buit der tuskenút. Hja waarden ferret troch ien fan harren froulju en waarden berjochten en wer frijlitten om de sjuery it net iens wurde koe oer de útspraak. Guon leden fan de 'gang' waarden letter by in bankoerfal yn Kolorado deasketten.
Fanôf 1920 rûn de koalproduksje tebek en sa stadichoan sletten de koalminen oant de lêste yn 1963 slet. De befolking fan it stedsje rûn hjirmei ek tebek fan 3126 ynwenners yn 1910 oant 1031 yn 1970.
Roslyn etnyske begrefplakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It begrefplak bestiet út 26 njonken inoar lizzende parten neffens etnyske komôf. It 6 bunder grutte begrefplak leit yn de heuvels en bosk boppe de haadstrjitte fan it plak. It lân wie oankocht en sels jûn troch it koalbedriuw troch ferskate etnyske ferienings foar begreffenissen fan harren leden. Der binne 5000 grêven fan 24 nasjonaliteiten. Yn 1978 waard it begrefplak opnommen yn it National Register of Historical Places.
Hjoeddedei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Roslyn libbet hjoeddedei benammen fan it toerisme. Ek guon ynwenners fan Seattle en Tacoma hawwe twadde hûzen yn it plak. It histoaryske sintrum is populêr, mar ek bûtendoar aktiviteiten lykas berchtocht kuierje, kampeare, skye, snieslydzje ensfh binne populêr. Flakby it plak wurdt op dit stuit in park mei 3000 simmerwentes en in golfpark úteinset. Dit nije doarp, Suncadia sil de ekonomy fan Roslyn en omkriten yngripend feroarje.
Yn de media
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- ''The Runner Stumbles'', in film út 1979 mei Dick Van Dyke en Kathleen Quinlan wie opnommen yn Roslyn. Ferskate ynwenners kamen ek yn de film foar. De 'Immaculate Conception Church' kaam gauris foar yn de film.
- ''Northern Exposure'', in tillefyzje searje út 1990-1995 wie opnommen yn Roslyn en omkriten dy it sabeare doarp Cicely, Alaska foarstelle moast. It Roslyn Kafee kaam gauris foar yn de searje.
Dizze filmen lûke in soad toeristen nei it plak ta.
Besjenswurdichheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It âlde stêdhûs en bibleteek, iepenbier gebou yn it sintrum is opnommen yn it National Register of Historical Places. It gebou is beskeadige rekke troch de Nisqually Ierdskodding fan 2001. De stêd Roslyn is yn 'e mande mei in tal ferienings mild te sammeljen en reparearje it gebou.
- Roslyn Museum
- Histoaryske koalminen, toers nei de minen, dochs net binnendoar.
- Roslyn Sneins Merke, in boeremerke eltse snein fan juny oant en mei septimber.
- Immaculate Conception Church, in Roomsk-Katolike tsjerke boud yn 1887. It waard brûkt yn de film ''Runner Stumbles''.
- Storefront Studio, in arsjitektuer projekt foar studinten fan it gearwurkjen tusken it stêdsbestjoer fan Roslyn en Washington State University.
- Coal Miner Trail, in kuierpaad by de âlde minen lâns
- Coal Miners Memorial, tsjinoer it hjoeddeiske stêdhûs, in omtinken monumint foar manlju dy it libben lieten yn de mynbou.
- The Brick Tavern, de âldste noch hieltyd brûkte kroech. Boud yn 1889 mei 45.000 stiennen. De kroech waard gauris brûkt foar de tillefyzje searje Northern Exposure.
- Roslyn Begrefplak
- Ronald, Washington, 3 km bewesten Roslyn, dit doarp is boud oer myn nr. 3 wêr in soad swarte mynwurkers delstrutsen.
- Cle Elum Mar en Salmon La Sac
Lês ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- John C. Shideler: Coal towns in the Cascades: a centennial history of Roslyn and Cle Elum, Washington
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Offisjele webside Roslyn
- Roslyn Museum
- Roslyn Bibleteek
- Roslyn and the TV show, Northern Exposure, Curt Cass webside
- "Roslyn's Black History collection", groep fan 84 histoaryske foto's fan ein 19e iuw oant de 1960er jierren fan Afro-Amerikaanske mynwurkers en bewenners fan Roslyn, Washington op it Central Washington University.
- Historic local photographs collection, 294 histoaryske toto's fan ein 19e iuw en iere 20e iuw fan Ellensburg en oare mienskippen yn Kittitas County, op it Central Washington University.
- "Roslyn Erfskip"