Ellensburg (Washington)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ellensburg
Kittitas County Washington Incorporated and Unincorporated areas Ellensburg Highlighted.svg
Sifers
Ynwennertal 18.174 (2010)
Oerflak 18,05 km²
Befolkingstichtens 1014 / km²
Hichte 470 m
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County Kittitas County
Boargemaster Bruce Tabb
Oar
Stifting 1872
Postkoade 98926
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
*Simmertiid UTC-7
Webside ci.ellensburg.wa.us
Davidson gebou yn it sintrum, dienmakke yn 1890

Ellensburg is in stêd (city) en de haadstêd fan Kittitas County yn it midden fan de Amerikaanske steat Washington. Neffens de folkstelling fan 2010 hie it 18.174 ynwenners en neffens in rûzing yn 2012 hie it plak 18.348 ynwenners. De stêd leit praktysk hielendal yn it midden fan de steat. De rykswei Interstate 90 fan Seattle (165 km bewesten) nei Spokane (280 km eastlik) rint besuden by de stêd lâns. Sa'n 1 km eastlik fan de ôfslach nei Ellensburg fan Interstate 90 is de krusing mei rykswei Interstate 82 dy súdlik nei Yakima (50 km) ta rint. Ek de rivier de Yakima rint súdwestlik by de stêd lâns. Yn de stêd stiet de Central Washington State University. De stêd is ek ferneamd om de Ellensburg Rodeo. It sintrum fan de stêd hat in ferskaat oan histoaryske gebouwen út ein 19e ieuw, want de stêd hie plannen om haadstêd fan Washington te wurden, wat it ferlear fan Olympia.

Ellensburg leit yn de frjochtbere Kittitas Fallei, dy't ferneamd is om har timotee fjilden en produksje. It leit eastlik fan it Cascades berchtme. Dit berchtme foarmet in reinskaad, sadat it reinwetter oan'e westkant bliuwt en ta easten folle droeger is. Trochsneed jierlikse delfal is 231,1 mm. It lân hjir is dus droech en wurdt mei bewettering troch groeven bewetteringssleatten fia de rivier de Yakima mei teide sniewetter fan de Cascades nei it lân ferfiert.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Central Washington University

De earste bewenners wiene yndianen fan de Kittitas stam. De earste blanken kamen yn de 1860er jierren. John Alden Shoudy kaam yn de Kittitas Fallei yn 1871 en kocht de hannelspost Robbers Roost fan Andrew Jackson Splawn. Dit hannelspost wie de earste saak yn de Kittitas Fallei en stie yn wat no it sintrum is. Shoudy ûntwurp it stêdsplattegrûn en neamde de stêd nei syn frou Mary Ellen Shoudy. De stêd sette útein yn 1872. Hy neamde ek alle strjitten yn it sintrum. Op 26 novimber 1883 waard it offisjeel in gemeente. De stêd waard earst Ellensburgh neamd, mar de h waard yn 1894 tenei der efter weilitten. De stêd kinde ferskate kranten, wêrfan de Daily Record (ûntstien yn 1909) noch de iennichste is.

Ekonomy[bewurkje seksje | edit source]

De ekonomy hinget yn grutste part fan de lânbou. Protte heafjilden, mei benammen timotee en luserne lizze om de stêd hinne. In soad hea wurdt útfierd nei lannen om de Grutte Oseaan hinne. Ek guon minsken dy't yn Seattle wurkje hawwe harren wente yn Ellensburg en ride dus hinne en wer. Ek is Ellensburg in universiteitsstêd. De Central Washington State University stit hjir. Fjirders is der in iepenbier skoalle systeem fan legere oant en mei fuortset ûnderwiis.

Kultuer[bewurkje seksje | edit source]

Kittitas County Histoarysk Museum

Der binne ferskate aktiviteiten yn en by de stêd:

  • Kittitas County boeremerke, eltse sneon fan maaie oant novimber midden yn't sintrum.
  • Jierliks Winterhop Broufeest yn jannewaris, wêr mear as 21 brouwerijen út de noardwestlike Feriene Steaten harren produkten priuwe litte yn de kroechjes yn it sintrum.
  • Dachshund on Parade, eltse juny.
  • Jazz in the Valley muzykfeest eltse lêste wikein yn july.
  • Ellensburg Rodeo, elts jier op Labor Day wikein sûnt 1923. It is de grutste rodeo yn Washington.
  • Kittitas County Merke tagelyk mei de rodeo.
  • Buskers in the Burg, strjittefeest en konserten eltse lêste sneon yn septimber yn it sintrum.

Lês ek[bewurkje seksje | edit source]

  • Kirk, Ruth, and Carmela Alexander, (1990, revised edition 1995), Exploring Washington's Past, University of Washington Press, Seattle. ISBN 0-295-97443-5
  • Caveness, Andrew. "Images of America: Ellensburg," Arcadia Press, San Francisco, 2009. ISBN 0-7385-7154-7

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]