Kittitas County (Washington)

Ut Wikipedy
Kittitas County (Washington)
Kittitas County yn de steat Washington
Kittitas County yn de steat Washington
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
Sifers
Ynwennertal 41.672 (2012)
Oerflak 6042 km² (ynkl. wetter)
5949 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 6,8 / km²
Oar
Stifting 1883
Tiidsône UTC-8
Simmertiid UTC-7
Offisjele webside
www.co.kittitas.wa.us
Mount Daniel, it heechste punt yn Kittitas County

Kittitas County is in county yn it midden fan de steat Washington, Feriene Steaten. De haadstêd is Ellensburg en hat in oerflak fan 6042 km², wêrfan 93 km² wetter. De county hie yn 2012 neffens in rûzing 41.672 ynwenners, dus in befolkingstichtens fan 6,8 ynwenners/km². De county is neamd nei de yndianestam fan de Kittitas. De namme betsjut sokssawat as 'wite kryt' oant 'skealjestien' oant 'sânbank minsken' oant 'lân fan in soad'. Men wit net wis, mar alle fertalings hawwe in soarte wurdichheid yn harren.

De county grinzet yn it noarden oan Chelan County, yn it noardeasten oan Douglas County, yn it easten wêr de rivier de Kolumbia de grins foarmet mei Grant County, yn it suden oan Yakima County, yn it súdwesten oan Pierce County en yn it westen oan King County.

De county waard yn 1884 foarme út Yakima County.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It heechste punt is Mount Daniel (2642 m) op de grins fan Kittitas en King county's yn it Cascades berchtme. Dit berchtme rint fan noard nei súd en beslacht it westen fan de county. Oare hichtes binne de Wenatchee bergen yn it noarden en de Manastash Ridge heuvelrige yn it suden. Hjir tusken yn leit de Kittitas Fallei, in delling wêr de measte plakken lizze en in frjochtber gea is foar lânbougewoeksen. In protte healân is hjir, wêr benammen luserne en timotee ferboud wurde foar de útfier nei benammen lannen om de Grutte Oseaan hinne. Lânbou wurdt mooglik makke troch yrrigaasje, wêr wetter fan de rivier de Yakima fia groeven yrrigaasje sleatten nei it lân ferfieren wurde. Mynbou en houtseagerijen wiene yn it Cascades berchtme yn it begjin fan de 20e iuw in boarne fan ynkommen.

Wichtige rivieren binne:

Wichtige diken binne de rykswegen:

Flakby Ellensburg

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de folkstelling fan 2000 wennen der 33.362 minsken mei in befolkingstichtens fan 6/km². Der wiene 16.475 wentes. Der wennen 91,77% blanken, 0,71% swarten, 0,91% yndianen, 2,19% Aziaten, 0,15% Pasifysk Eilanners. Etnysk wie 5% Hispanic of Latino. 93,2% hie Ingelsk en 4,5% hie Spaansk as memmetaal. Der wennen 13.382 húshâldings, wêrfan 26,2% bern hie ûnder 18 jier. 21,6% fan de befolking wie ûnder 18 jier en 11,6% âlder as 65 jier. It trochsneed húshâld ynkommen wie $32.546 en 15,6% libbe ûnder de earmoedgrins.

Plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stêden binne (ynwennertallen fan 2012):

Oare plakken (Census-designated):

Oare gemeentefrije plakken:

Lês ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • William Denison Lyman, History of the Yakima Valley, Washington: Comprising Yakima, Kittitas, and Benton Counties. In Two Volumes. Chicago: S.J. Clarke Publishing Co., 1919. Volume 1 | Volume 2
  • Andrew Caveness, "Images of America: Kittitas County." South Carolina: Arcadia Publishing Co., 2012. [1]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]