Oidipoes yn Kolonos

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Oidipoes yn Kolonos, fan Jean-Antoine-Théodore Giroust, út 1788.

Oidipoes yn Kolonos, yn it oarspronklike Aldgryksk Οἰδίπους ἐπὶ Κολωνῷ, Oidipous epi Kolōnō (ek wol bekend ûnder de Latynske titel Oedipus Coloneus), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Sofoklês (496-406 f.Kr.). It is in trageedzje dy't diel útmakket fan 'e saneamde Tebaanske Trilogy (mei Kening Oidipoes en Antígoné), wêrfan't it it twadde diel foarmet, al is it as lêste skreaun. Yn Odipoes yn Kolonos arrivearret de bline en ferballe Oidipoes yn it Ateenske doarpke Kolonos, dêr't Têseus, de kening fan Atene, him asyl jout. Sofoklês skreau dit toanielstik koart foar syn dea op 'e âldens fan njoggentich jier, yn 406 f.Kr., en it waard foar it earst opfierd, ûnder lieding fan syn nei him ferneamde pakesizzer, op it Feest fan Dionysus, yn 401 f.Kr. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma ferskynde yn 1991.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

Oidipoes yn Kolonos iepenet koart nei de foarfallen yn Kening Oidipoes. De bline Oidipoes hat Tebe ferlitten en arrivearret oan 'e hân fan syn dochter Antígoné yn it doarp Kolonos, op it grûngebiet fan 'e stêdsteat Atene. Dêr wol er him eefkes deljaan, mei't er skjin ynein is. De lju fan it doarp sizze dat er him op grûn befynt dy't hillich is oan 'e fueryen, de wraakgoadinnen, en wolle dat hy, dy't syn eigen heit fermoarde hat en mei syn eigen mem troud west hat, him ôfjout. Mar Oidipoes wegeret, dat dan wurdt Têseus, de Ateenske kening, derby roppen.

Wylst der op dyselde wachte wurdt, komt Ismênê, Oidipoes syn oare dochter, te Kolonos, dy't de tynge bringt dat har bruorren, Oidipoes syn soannen, op it punt steane om in oarloch om 'e troan fan Tebe te begjinnen. De jongste soan, Etéoklês, hâldt de stêd beset, wylst syn âldere broer, Poluneikês, mei in leger hierlingen tsjin him optsjocht. Fierdersoan hat it orakel fan Delfi de útspraak dien dat it lot fan 'e stêd derfan ôfhinget oft Oidipoes weromkeart nei Tebe of net. Mar Oidipoes is it libben sêd en boppesêd, en hat abslút gjin oanstriid om werom te gean nei Tebe, al hoe't Ismênê dêr ek by him op oanstiet. Ynstee beklaget er him oer syn liddichgongers fan soannen en wachtet er de komst fan Têseus ôf.

As dy ienris arrivearret, hjit er Oidipoes wolkom en heart him manearlik oan. Dan jout er him tastimming om ûnder syn beskerming yn Attika te bliuwen. As Oidipoes syn sweager Kreoon ek yn Kolonos oankomt om Oidipoes oer te heljen werom te kearen nei Tebe, en it him yn goedens net slagget om 'e bline man mei te krijen, lit er Ismênê en Antígoné finzen nimme en sil er Oidipoes mei geweld ûntfiere. Mar dan grypt Têseus yn; hy befrijt de beide fammen en lit ynstee Kreoon oppakke. Dy is dan alhiel breinroer en ferwyt Atene dat it de moardner beskermet en de ûnskuldige straft. Mar Oidipoes wol hawwe dat er sels alle war dien hat om syn misdieden foar te kommen, en dat er se inkeld troch it lot begien hat; om't mei it lot net te striden falt, is hy yn syn eigen eagen ûnskuldich.

It folgjende famyljelid dat opdaagjen komt, is Oidipoes syn âldste soan Poluneikês. As er dy mei tsjinnichheid te wurd stiet, freget Poluneikês him om help tsjin syn jongere broer Etéoklês, dy't him syn earstberterjocht (it keningskip fan Tebe) ûntnadere hat. Oidipoes, lykwols, beskuldiget him derfan dat er mei syn eigenikkich hâlden en dragen syn heit oan dy syn lot oerlitten hat. Hy giet noch fierder, en ferflokt syn Poluneikês. Antígoné smeket har broer om ôf te sjen fan 'e oarloch, mar dy seit dat er de skande dy't Etéoklês him oandien hat, net ferneare kin. Dan klinke der fiif tongerslaggen efterinoar, en wit Oidipoes dat de oere fan syn dea slein hat. Hy lit Têseus by him roppe en sprekt in seinging oer Atene út. Dan stjert er.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | edit source]

De Fryske oersetting fan Oidipoes yn Kolonos ferskynde yn 1991 yn ien bân mei twa oare toanielstikken fan Sofoklês (Filoktêtês en Kening Oidipoes) ûnder de titel Sofoklês: Trije Trageedzjes. De fertaling wie fan 'e hân fan klassyk oersetter Klaas Bruinsma (ek ferantwurdlik foar de Fryske oersettings fan 'e Ilias en de Odyssee), dy't it boek yn eigen behear yn in beheinde oplaach fan twahûndert eksimplaren útjaan liet by Utjouwerij Van der Eems te Easterein. Yn 1993 waard oan Bruinsma de dr. Obe Postmapriis takend foar syn oersetting Sofoklês: Trije Trageedzjes.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sofoklês, Sofoklês: Trije Trageedzjes, Easterein, 1991 (Utjouwerij Van der Eems), ISBN 9 08 00 57 738.
De oerlevere toanielstikken fan Sofoklês
Aias | Elektra | Filoktêtês | De Froulju fan Trakhis | de Tebaanske Trilogy (Kening OidipoesOidipoes yn KolonosAntígoné)