Muiden

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Muiden en it Muiderslot. Yn de eftergrûn de Flevopolder.
It Muiderslot mei grientetún
17e ieuske plattegrûn fan Muiden troch Matthaeus Merian.

Muiden iis in stêd en gemeente yn de provinsje Noard-Hollân. De gemeente bestiet út it festingstedsje Muiden, it brinkdoarp Muiderberg en it buorskip Hakkelaarsbrug. It hat 3000 ynwenners en in oerflak fan 36,51 km² (wêrfan 22,06 km² wetter). It grutte persintaazje wetteroerflak komt net allinnich troch de haven fan Muiden mar ek trochdat de gemeentegrins trochrint oer it wetter yn de IJmar.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | edit source]

  • De herfoarme tsjerke is in goatysk gebou mei in let-romaanse toer. Elke jûn om 21.00 oere liedet de klok fan de Nederlânske Herfoarme tsjerke. Dit gebrûk stamt noch út de tiid dat Muiden stedspoarten hie. De klok waard lieden foardat de poarten tichtgienen, as teken foar de bewenners om nei hûs ta te gean foar it jûnsmiel. Faak ieten in soad minsken jûns brij, fandêr de namme "brijklok" (papklok).
  • It Muiderslot, in yn goede steat ferkearend Midsieusk kastiel, dat mei bekend wurden is troch syn bouhear greve Floris V en de Muiderkring om Pieter Corneliszoon Hooft.
  • It Mûzefort
  • It eilân Pampus

Skiednis fan de stêd[bewurkje seksje | edit source]

De earste, noch bekende fermelding fan it plakje Muiden komt út 953. Keizer Otto I skonk doe de delsetting en de dêr wûne toljilden oan it Domkapittel te Utert. It doarpke hjitte doe noch 'Amuda'. Dit betsjut 'Mûning fan de A'. De 'A' is in âlde namme fan de Fecht. Yn 1122 krige Muiden tagelyk mei Utert stedsrjochten fan keizer Hindrik V, hoewol't it yn it gefal fan Muiden faaks allinnich om inkele stêdlike rjochten gie. De delsetting krige foar 1285 yn elk gefal stedsrjochten fan it Bisdom fan Utert. Neidat it lân dêr't Muiden yn leit skonken waard oan greve Floris V fan Hollân, krige Muiden yn 1296 opnij stedsrjochten, diskear fan Floris V.

Leginde[bewurkje seksje | edit source]

Muiden

Muiden hat ek har eigen leginde. Fiskers fange in seemearmin, wylst hja oerlizze oan wa't se har skinke sille, stelt de seemearmin foar har frij te litten omdat se dochs net langer as in oere op it lân libje kin, tsjin in beleanning fan rike fangsten en folle netten. As se har dan gean litte sjongt se: Muiden sil Muiden bliuwe, Muiden sil nea ferdwine. wêrnei't se yn de djipten dûkt, en nea wer sjoen waard. Wyls binne in soad stêden en doarpen ta bloei komd, of sels ferdwûn, mar Muiden soe Muiden bliuwe. De seemearmin stiet noch yn it wapen fan Muiden.

De seeslûs[bewurkje seksje | edit source]

Slûs

Nei in ieu om'e nocht ûnderhanneljen tusken Holân en Utert wie der noch gjin oeriemkomst om in nije slûs oan de mûning fan de Fecht yn Muiden oan te lizzen. De Fecht wie foar Utert in wichtige ferbining mei de Sudersee. De âlde slûs by Hinderdam, ± 5 kilometer lânynwerts, wie yn 1437 oanlein en stie ûnder kontrole fan Utert. Yn 1672 grypte Hollân har kâns; Utert wie beset troch it Frânske leger en mei de bou fan de slûs yn Muiden waard starten.

De slûs hie trije primêre funksjes, nammentlik: (1) in skutslûs foar it skipfeartferkear tusken Sudersee en Fecht, (2) de ferdigening fan it lân tsjin de Sudersee as lêste (3) in militêre funksje. Muiden makke ûnderdiel út fan de Hollânske Wetterliny. Yn gefal fan inundaasjes wie de behearsking fan ynlitten fan Suderseewetter essinsjeel. De slûs foarkaam ek it weistromen fan it wetter út de gebieten stroomopwerts dy't ûnder wetter setten wienen.

Yn 1674 wie de slûs klear. It kompleks bestie út in dûbelkearende skutslûs, in oan beide siden útwetterings- anneks spuislûzen. It slûzekompleks hie as taak it wetter oan twa kanten te kearen; sawol oan de seekant by floed en as oan de rivierkant by eb. Foar de sekerheid krige de slûs in ekstra stel stoarmfloeddoarren dy't by ekstreem heech wetter sluten waarden. Skipfeart wie dan ûnmooglik. De skutslûs hie in lingte fan 50 meter en in breedte fan 7,5 meter. It slûskompleks waard yn 1676 útwreide mei in muorre lâns de mûning fan de Fecht om oerstreamings foar te kommen.

Nei it opheffen fan de festing Muiden yn 1926 en it ôfsluten fan de Sudersee troch de Ofslútdyk yn 1932 naam it belang fan de slûs ôf. De slûs is letter modernisearre en wurdt mo meast brûkt troch de plesierfeart.

De festingwurken[bewurkje seksje | edit source]

forten
Mûzefort
kazerne

De earste ferdigeningswurken fan Muiden datearje út de earste helte fan de 15e ieu. Yn 1590 waarden de muorren ferfongen troch ierden wâlen mei bastions nei ûntwerp fan Adriaen Anthonisz. Ek it Muiderslot krige in eigen omwâling wêrby't de foarburcht fan it Muiderslot wegens romtegebrek sloopt wurde moast. As reaksje op de ûntwikkelingen op it gebiet fan oarlochsfiering, waard nei de Frâns-Dútse oarloch (1870-1871) de festing wer modernisearre. It trasee fan de festingwâl waard feroare en der waarden in oantal bakstiennen, bomfrije, ûnderkommens setten. Markante foarbylden hjirfan binne de kazerne oan it Festingplein, it Mûzefort (neamd nei mûsgrize soldateunifoarmen) - in yn in ravelijn ynboude capponière kazemat - en de holle bear.

De bear is in daam yn de festinggrêft dy't it sâlte Suderseewetter fan it swiete wetter yn de grêft skiede moat. Sokke bouwurken komme mear foar by festingstêden, mar dizze is unyk omdat dizze bear in gong mei sjitgatten hat fan wêrút in inundaasjeslûs iepensetten wurde koe. Foar it Muiderslot oer, oan de oare kant fan de Fecht, stiet de Westbatterij. Dizze fortifikaasje is fan 1868 en bestiet út in lyts toerfort mei dêrfoar in batterij yn it dyklichem.

Muiden makke diel út fan de (Nije) Hollânske Wetterliny. Sûnt 9 jannewaris 1901 hearde Muiden ta de Stelling fan Amsterdam. It forteilân Pampus, lizzend binnen de gemeente Muiden, waard boud yn 1887/1897 en wie bestimd om tegearre mei it fjoertoereilân by Durgerdam en de batterij by de Diemer Seedyk de yngong fan it IJ te beskermjen.

Muiden is lid fan de Feriening Nederlânske Festingstêden.

Krûdfabryk[bewurkje seksje | edit source]

Yn in polder ten noarden fan de trekfeart nei Diemen, justjes ten westen fan de beboude kom fan Muiden, waard tusken 1702 en 2004 buskrûd makke. It fabryk wie bekend ûnder de namme buskrûdmole, De Krijgsman en sûnt 1972 as Muiden Chemie.

De bou fan de buskrûdmole yn 1702 wie it gefolch fan de ferdriuwing fan de gefaarlike krûdproduksje út de stêd Amsterdam. De froedskip fan Muiden ferliende yn dat jier in fergunning oan de Amsterdammer Reinier van Cuyk om op it grûngebiet fan de gemeente in krûdmole te bouwen. Yn de rin fan de ieuwen fûnen in soad Muidenaren wurk yn it fabryk. Yn de Earste Wrâldoarloch florearde it fabryk. Yn 1919 waard it fabryk likwidearre, mar yn 1922 waard de produksje wer oppakt.

Geandewei de 20e ieu waard de skeal fan de produksje grutter en groeide it stedsje nei it fabryk ta. Slachtoffers en skea yn Muiden by ûntploffingen soargen hieltiten mear ta protest fan de Muidenaren. Soargen oer de feilichheid wienen dan ek de wichtichste oarsaak fan de sluting yn 2004.

Yn de jierren 1980 waard it fabryk fertocht fan yllegale krûdleveringen oan Irak. Neidat dy leveringen ferbean waarden en de krûdmerk ynstoarte, gie it fabryk yn 1990 fallyt. Yn 1991 waard it fabryk oernomd en weriepene troch it Britske Royal Ordnance, in ûnderdiel fan British Aerospace. Nei in brân yn 2001 waard besletten ta definitive sluting.

Eksploazjes sûnt 1883:

  • 9 jannewaris 1883: ûntploffing rjochtet in ravaazje oan op it fabryksterrein. 13 deaden. Ek yn Muiden is der in protte skea. It fabryk wurdt werboud.
  • 1886: ûntploffing, 2 deaden. In diel fan it fabryk wurdt ferwoaste.
  • 1924/1925: ferskate ûnploffings, wêrby't 1 deade falt by de eksploazje fan ien fan de krûdmoles.
  • 17 jannewaris 1947: ûntploffing fan ynsamle granaten op it terrein fan it Springstoffenfabryk: 17 deaden. Grutte skea yn Muiden.
  • 1948: in granaat ûntploft, 1 deade.
  • 1949: ûntploffing yn in krûdmole; 1 deade.
  • 13 juny 1963: ûntploffing fan de bûten it fabrieksterrein lizzende krûdopslachplak "De Eendekooi". Gjin slachtoffers.
  • 2 juny 1966: ûntploffing yn it trotylfabryk. Lichtferwûnen, en grutte skea yn Muiden.
  • 8 desimber 1972: ûntploffing yn de droechkemer; 2 deaden en 3 swierferwûnen. Grutte skea yn Muiden.
  • 30 maaie 1983: ûntploffing fan in krûdmagazyn. 3 werknimmers komme om.
  • 9 septimber 1983: ûntploffing yn de sortearderij. 1 deade.
  • 20 augustus 2001: brân yn in opslachloads foar ferpakkingsmaterialen. Gjin ûntploffing, gjin slachtoffers.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: