Pampus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Fort Pampus

It Pampus is in mei fyn slib ferûndjippe slinke yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân. De slinke leit foar de mûning fan it IJ yn de eardere Sudersee eastlik fan Amsterdam en benoarden Muiden. Teffens is Pampus in keunstmjittich eilân en fort, dat part wie fan de Stelling fan Amsterdam.

De namme[bewurkje seksje | edit source]

De namme Pampus tsjut op in wurd dat yn it hjoeddeiske Nederlânsk net mear foarkomt, mar dat 'tsjûke brij' betsjut (fergelykje it Dútske: Pampe), wat slacht op de sloppe gearstalling fan de boaiem.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Yn de tiid fan de F.E.K., koenen swierbeladen skippen, út bygelyks Nederlânsk-Ynje, somtiden net troch de ûndjippe Pampus en oare minder djip stekkende skippen moasten dan wachtsje. Om sa'n skip troch it soal te krijen waard it by floed lutsen troch minsken en of bisten en ek wol mei skipskamelen.

Doel fan het fort[bewurkje seksje | edit source]

Nei de Frânsk-Dútske kriich fan 1870 wie de Nederlânske oerheid benaud foar in oanfal op Amsterdam. Dêrom waard in festingring om Amsterdam hinne boud, de Stelling fan Amsterdam. Part fan dy stelling wie it forteilân Pampus, oanlein yn in ûndjip part fan it Muidersân en neamd nei it oanswettende Pampus. It fort stiet op 4000 heipeallen fan 11 meter lang. Rûnom Pampus waard krekt ûnder wetter in ring fan basaltblokken oanlein dêr't boaten op fêstrinne koenen.

It fort wie klear yn 1895, mar hat nea yn in kriich brûkt west en waard sletten yn 1933, ien jier nei it iepenjen fan de Ofslútdyk.

Twadde Wrâldkriich[bewurkje seksje | edit source]

Yn de Hûngerwinter (de winter fan 1944-1945) frear it bytiden hurd, sadat it eilân oer it iis te berikken wie. Yn 1944 hellen de Amsterdammers it hout út it fort om de kachel oan te meitsjen. It metaal wie doe al fuorthelle foar de Dútske oarlochsyndustry.

It Fort Pampus heart ta de gemeente Muiden en is tsjintwurdich te besjen. Frijwilligers ûnderhâlde de gebouwen.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • J.D. van der Tuin, De natuurlijke naamsverklaring van Pampus, Moanneblêd Amstelodamum 81 (1994).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]