Stelling fan Amsterdam

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Stelling fan Amsterdam

De Stelling fan Amsterdam is in militêr ferdigeningswurk dat tusken 1870 en 1915 oanlein is ta beskerming fan Amsterdam. De ferdigeningsring is 135 kilometer lang en bestiet út diken mei damen en slûzen, terreinen dy't ûnder wetter setten wurde koenen ( inundaasje ) en net minder as 42 forten. Sa koe in wetterplasse foarme wurde, net djip genôch foar skippen en te djip foar man en hynder. Noch foar de stelling klear wie, wie hy al efterhelle. Troch de fleantugen hie er gjin betsjutting mear. De Stelling fan Amsterdam is noait as ferdigeningswurk brûkt, ek al waard er yn steat fan ferdigening brocht yn 1940. De forten en ferbiningswurken binne lykwols bewarre bleaun, wêrtroch't in unyk monumint fan definsive en wettersteatkundige technyk ûntstien is.

Yn 1996 is de Stelling taheakke oan de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: