Muiderberg

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde noege dêr in begjin mei te meitsjen.


Lizzing Muiderberg
Ut de loft wei (linksûnder)
Doarpsstrjitte
Buorren
Joadsk begraafplak

Muiderberg is in doarp yn de gemeente Muiden yn de provinsje Noard-Hollân. It doarp hat 3266 ynwenners (2005) en is ûntstien om 1200 hinne op in stuwwâl. Yn de omjouwing fan de Doarpsstrjitte binne by rioalearringswurken de âldste spoaren fan bebouwing fûn, mjitten nei de dikte fan de bewenningslaach. Mar nei alle gedachten binne de alderâldste spoaren fan bewenning ferswolgen troch de Sudersee.

Floris V is yn 1296 by Muiderberg fermoarde. Yn it doarp leit in swerfstien as monumint Piet Lieftinck is hjir yn 1902 berne. Yn 1991 waard yn it doarp in byldsje ûnthuld as neitins oan it tientsje fan Lieftinck. Bekende Muiderbergers binne ûnder oare de komponist G.A. Heinze dy't hjir fan 1884 oant syjn dea yn 1904 wenne en wurke en boargemaster Niënhuys Ruys (1899-1904) dy't mei-oprjochter en letter ek foarsitter wie fan de 'Vereeniging tot bevordering van het Vreemdelingenverkeer' "Floris V", de foarrinder fan de hjoeddeiske VVV.

Muiderberg hat it grutste Joadske begraafplak fan Nederlân. It begraafplak is yn 1642 stichte troch Heechdútske joaden en gearfoege mei it dêrneist yn 1660 troch Poalske joaden stichte begraafplak. De ûntfangstromte en it metaarhûs komme út 1933. Se binne ûntwurpen troch Harry Elte.

By Muiderberg leit it knooppunt Muiderberg, dêr't de autosnelwegen A1 en A6 op elkoar oanslute. It knooppunt is tige bekend fanwege de filemeldingen. Der binne al desennia lang plannen om de A6 troch te lûken nei de A9. Dizze bedriging foar it oangrinzjende natoergebiet de Naardermar is komd te ferfallen troch de keuze foar útwreiding fan de al besteande wei.

Muiderberg is ien fan de âldste badplakken fan Amsterdam. It wetter bliuwt oant de fargeul ûndjip en in strân is d6erom geskikt foar bern. De measte minsken út Muiderberg wurkje yn Amsterdam.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | edit source]

Herfoarme tsjerke
Rjochthûs
  • De herfoarme tsjerke út de 15e ieu.
  • De Joadske begraafplak fan de Joadske gemeente fan Amsterdam, sûnt 1642
  • In byld ta eare fan it "tientsje fan Lieftinck" (1991)
  • It strân fan Muiderberg, dêr't in soad wynsurft en kitesurft wurdt.
  • De twa bosken: de Kocherbosk en de Echobosk mei syn echomuorre.
  • De wei lâns de âlde Suderseedyk dy't útkomt yn Muiden by it Mûzefort en it Muiderslot.
  • De Brink, in eardere mient mei de âdste huzen en bûtenplakken.
  • It oan de Brink lizzende Rjochthûs (sa neamd sûnt 1692), dêr't fan 1811 - 1892 oer lytse skelen rjocht sprutsen waard. Dêrnei wie it stasjon en einpunt fan de Gooische Stoomtram (1881-1945). Letter hotel en kafee-restaurant.
  • Mole De Onrust, noch altyd yn gebrûk om de Naardermar te bemealen.

Bekende ynwenners[bewurkje seksje | edit source]