Lourens Touwen

Ut Wikipedy
Oarlochsmonumint oan de Peesterweg yn Zeijen

Lourens Touwen (Swol, 22 augustus 1894Vries, 8 septimber 1944) wie in Nederlânske predikant en fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch. Hy waard oanhâlden nei 't er in oare fersetsstrider besocht hie los te keapjen en waard dêrnei eksekutearre.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Touwen studearre oan de Keninklike Militêre Akademy yn Breda en waard marine-ofsier. Fanwegen in ôfwiking oan de fuotten waard er lykwols ôfkard. Hy waard dêrnei learaar op in middelbere skoalle en studearre dêrnei teology oan de Frije Universiteit Amsterdam. Hy waard yn jannewaris 1934 befêstige as predikant yn de grifformearde tsjerke yn Makkum en Koarnwert.

Nei de Dútske ynfal yn Nederlân yn maaie 1940 rekke Touwen belutsen by it ferset. Hy foege him by de Landelijke Organisatie voor Hulp aan Onderduikers en sette in goed funksjonearjende ôfdieling yn Wûnseradiel op. Fan 1943 ôf fong er joadske Rivka Philipson fan 14 jier op yn syn hûs. Sy besocht gewoan de pleatslike skoalle. As der in Dútske ynfal drige waard sy ûnderbrocht by de húshâlding fan Cornelis Lutgendorff. Tegearre mei syn herfoarme kollega Adrianus Elias van Baalen en de roomsk-katolike pastoar L.H.L. de Jong soarge hy foar ûnderdak foar in grut tal joadske ûnderdûkers yn Súdwest-Fryslân.

Haadmaster F. van der Velde fan de kristlike basisskoalle yn Skuzum en in meiwurker fan Touwen, waard op 23 juny 1944 arrestearre troch de Sicherheitsdienst. Touwen besocht him frij te keapjen, mar makke himsels sadwaande fertocht. Hy reizge op 18 augustus 1944 nei de SD yn Ljouwert en krige it advys om de middeis werom te kommen. Hy waard dêrnei oerbrocht nei it beruchte Scholtenhûs yn Grins en dêr swier ûnder ferhoar naam. It ferset hold it plysjeburo yn de gaten om in befrijingspoging te dwaan op it stuit dat Touwen ferfierd wurde soe. Hy ferliet it gebou op 8 septimber 1944 lykwols fia de achterdoar. Tegearre mei de koerierster Cornelia Johanna van den Berg-van der Vlis waard er op de heide by it Drintske Vries deasketten troch in tal SD' ers, dêr't Helmuth Johann Schäper ien fan wie.

Tafallich ûntduts in jachtopsjenner de lichems fan beide fersetsstriders op 27 septimber 1944, wêrnei 't de gemeente in tal omwenners de opdracht joech de lichems te begraven. Yn de administraasje fan it Scholtenshûs wie allinnich opnommen dat beide persoanen fuortgien wiene "mei ûnbekende bestimming". De famylje fan Touwen hie berjocht krigen dat er noch yn Willemshaven sjoen wie en libbe lange tiid noch yn hoop. Earst in jier letter stelde de identifikaasjetsjinst fêst dat it om de lichems fan Van den Berg-van der Vlis en Touwen gie.

Earbetoan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Makkum waard der in strjitte nei Touwen ferneamd, de ds. L. Touwenlaan. Sawol Touwen as syn frou Anna Touwen (1899-1987), dy 't nei syn arrestaasje trochgean bleaun wie mei de help oan joadske ûnderdûkers, ûntfongen fan it Israelyske holocaustsintrum Yad Vashem de earetitel Rjochtfeardige ûnder de Folken.


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: