Rjochtfeardige ûnder de Folken

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Paadwizer nei de tún fan de 'Rjochtfeardigen ûnder de Folken'
De oarkonde dy't Maria Kotarba ûntfong yn 2005

Rjochtfeardige ûnder de Folken, (Hebrieusk: חסיד אומות העולם - Chassid Umot ha-Olam) is in earetitel dy't Israël jout oan gojim (net-Joaden) dy't mei gefaar foar eigen libben Joaden eartiids holpen hawwe te ûnderdûken, ûntkommen en oerlibjen. De takenning wurdt dien troch de lieding fan Jad Wasjem, it plak dêr't it Joadske folk de slachtoffers fan de troch de Nazy's organisearre massamoard op de Joaden betinkt.

De term komt fan it konsept "rjochtfeardige gojim", in oantsjutting yn it Joadendom foar net-Joaden dy harren hâlde oan de Sân geboaden fan Noach.

De dekorandus kriget in medalje en in oarkonde mei fernijing fan syn as har namme. Ek wurdt dy namme yn Jeruzalem yn in muorre beitele, yn it park wijd oan de "Rjochfeardige ûnder de Folken".

Tusken 1953 en 1 jannewaris 2013 waarden oer de hiele wrâld 24.811 minsken út 44 lannen as 'Rjochtfeardige' troch Yad Vashem erkend; dêr binne 5.204 Nederlanners en 1.612 Belgen by. Nei Poalen is Nederlân it lân mei de measte ûnderskiedings. (Nettsjinsteande it feit dat mar 26% fan de Nederlânske Joaden de Holocaust oerlibbe, it leechste persintaazje fan West-Jeropa). Ek anno 2013 wurdt de ûnderskieding noch úrikt.

Der binne in tal ûnderskiedingen oan in kollektyf takend.[1] Bekend binne ûnder oaren it hiele Deenske ferzet,[2] it Drintske doarp Nieuwlande[3] en it Frânske plak Le Chambon-sur-Lignon.[4] Fierder hawwe allinne persoanen de ûnderskieding krigen. Ferneamde 'Rjochtfeardigen ûnder de Folken' wiene paus Jehannes XXIII, keninginne Elisabeth fan België, prinsesse yn Beieren, prinsesse Alice van Battenberg, de Sweedske diplomaat Raoul Wallenberg en de Sudete-Dútske yndustrieel Oskar Schindler.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) Yadvashem.org
  2. (in) Yadvashem.org, sjoch noat dêre
  3. (in) Yadvashem.org
  4. (in) Vadvashem.org