Lauri Pihkala

Ut Wikipedy
Lauri Pihkala
sporter
Pihkala om 1930 hinne
Pihkala om 1930 hinne
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lauri Pihkala
bynamme Tahko, "de Slypstien"
nasjonaliteit Finsk
bertedatum 5 jannewaris 1888
berteplak Pihtipudas (Finlân)
stjerdatum 20 maart 1981
stjerplak Helsinki (Finlân)
etnisiteit Finsk
Sweedsk
lingte 1.79 m
gewicht 79 kg
sportive ynformaasje
sport atletyk
ûnderdiel heechspringen,
diskuswerpen,
800 m hurdrinnen
O.S. Londen 1908
Stokholm 1912

Lauri Pihkala (útspr.: ['la̭uri 'pixkala], likernôch: "laury pychkala"; berne as: Lauri Gummerus; Pihtipudas, 5 jannewaris 1888Helsinki, 20 maart 1981) wie in Finsk sporter, militêr, polityk aktivist en útfiner. Hy rekke fral bekend ûnder syn bynamme Tahko (útspr.: ['taxko], likernôch: "tachko"), dat Finsk is foar "De Slypstien". De neitins fan Pihkala stiet benammen yn it teken fan pesäpallo (ek bekend as Finsk honkbal), de nasjonale sport fan Finlân, dy't Pihkala yn 1920 útfûn.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pihkala waard yn 1888 berne yn it doarp Pihtipudas, yn it sintrale diel fan it doetiidske Gruthartochdom Finlân. Hy stamme út in laach mei de efternamme Gummerus, dat etnysk Sweedske woartels hie. Krekt as in soad oare Finnen mei sa'n eftergrûn, naam er oan it begjin fan 'e tweintichste iuw in nije, Finsktalige efternamme oan. Yn syn gefal wie dat 'Pihkala'.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pihkala die as opslûpen jonge al oan atletyk, en hy makke diel út fan 'e selsstannige Finske Olympyske ploech dy't dielnaam oan 'e Olympyske Simmerspullen fan 1908, yn Londen, en oan 'e Olympyske Simmerspullen fan 1912, yn Stokholm (hoewol't it Gruthartochdom Finlân doe noch ta it Keizerryk Ruslân hearde) Yn 1908 behelle er dêrby it 16e plak by it heechspringen. Ek died er dat jiers mei oan it diskuswerpen, mar syn resultaat by dat ûnderdiel is net oerlevere. Yn 1912 naam er diel oan 'e 800 m hurdrinnen, mar dêrby foel er yn 'e earste omrin al ôf.

Lauri Pihkala op in Finske postsegel út 1988.

Neitiid ûntjoech Pihkala him yn 'e 1910-er jierren ta de earste profesjonele Finske trainer op it mêd fan atletyk. Teffens wurke er, nei't Finlân yn 1917 ûnôfhinklik wurden wie, as learaar lichaamlike oefening foar it Finske Leger. Under de Finske Boargeroarloch (jannewaris-maaie 1918), tusken de konservativen ('Witen') en de kommunisten ('Readen'), naam Pihkala tsjinst by de Wite Garde. Dêr waard er yndield by de saneamde 'Duvels fan Kuhmoinen', in loftmachtienheid ûnder befel fan majoar Hans Kalm. Pihkala wie yn dy ienheid belêstge mei it meitsjen fan propaganda. Yn maart 1918 hied er de lieding oer in oanfal op it doarp Harmoinen, wêrby't yn in 'Read' fjildhospitaal pasjinten en ferpleechsters fermoarde waarden.

Nei de Boargeroarloch kearde Pihkala werom yn 'e sport. Hy wie syn hiele libben in grut sportfan. Yn 1920 fûn er pesäpallo út, ek wol Finsk honkbal neamd, in balspul dat him neitiid ûntjoech ta de nasjonale sport fan Finlân. Njonken syn belutsenens by de sport bleau Pihkala ek aktyf as polityk aktivist, wêrby't er lange tiid it faksisme it neist wie. Sa wied er in fjurrich oanhinger fan eugenetika as in middel om 'e militêre slachkrêft fan it Finske folk te fergrutsjen. Nettsjinsteande dat wied er yn 1969 ien fan 'e earste Finnen dy't in earedoktoraat yn sportwittenskip ûntfong fan 'e Universiteit fan Jyväskylä, yn 'e mande mei presidint Urho Kekkonen en perfester Kaarina Kari.

Ferstjerren en neitins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lauri Pihkala kaam yn 1981 yn 'e Finske haadstêd Helsinki te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 93 jier. Ta syn neitins waard yn 1988 oan 'e súdkant fan it Olympysk Stadion yn Helsinki in stânbyld ûntbleate dat makke wie troch byldhouster Nina Sailo. Datselde jiers stie Pihkala syn byltenis ek op in Finske postsegel fan 1,80 Finske mark.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.