Kikkerts (toanielstik)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In byld fan 'e god Dionysus (yn it Louvre te Parys).

Kikkerts, yn it oarspronklike Aldgryksk: Βάτραχοι, Bātrachoi, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Aristofanes (±446-±386 f.Kr.). It is in komeedzje mei in wat misliedende titel (mei't kikkerts der mar ien kear yn foarkomme), dy't ferhellet hoe't de god Dionysus nei de ûnderwrâld reizget om 'e Ateenske toanielkeunst te rêden fan 'e midsmjittichheid troch ien fan 'e deade trageedzjeskriuwers fan alearen wer ta libben te wekjen. Aristofanes hat yn Kikkerts fral de gek mei syn kollega-toanielskriuwers. It stik datearret út 405 f.Kr., doe't it opfierd waard as ûnderdiel fan 'e jierlikse toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus Lenaius, wêrby't it de earste priis wûn. It waard yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

Dionysus, de god fan 'e wyn, de ekstaze en de toanielkeunst, is alhiel telider slein oer de steat fan it Ateenske toaniel, en yn it bysûnder oangeande de hjoeddeiske trageedzjeskriuwers. Sadwaande beslút er om nei Hades te reizgjen en Euripides (dy't it jiers tefoaren, yn 406 f.Kr., ferstoarn wie) wer ta libben te wekjen. Op syn reis wurdt er beselskippe troch syn slaaf Ksantias, dy't sawol snuggerder as moediger is as syn master. Dat komt fral ta utering yn 'e earste helte fan Kikkerts, wêryn't de god aloan en mar wer ûnnoazele flaters begiet of syn lêfens blike lit en dan troch Ksantias út 'e sels oproppen swierrichheden rêden wurde moat.

Foar de reis klaait Dionysus him krekt as syn healbroer Hêraklês yn in liuwehûd, en nimt er as wapen in baas kneppel mei. Om't er it paad nei Hades net wit, giet er by Hêraklês oan, dy't ommers foar ien fan syn Wurken de hellehûn Serberus út 'e ûnderwrâld helle hat. As Hêraklês de ferweakke Dionysus as himsels ferklaaid sjocht, bedocht er him suver fan it laitsjen. Op Dionysus syn fraach wat it koartste paad nei Hades is, jout Hêraklês him de kar tusken himsels op te hingjen, fergif yn te nimmen of fan in toer ôf te springen. Dionysus nimt dochs leaver in omwei, deselde dy't Hêraklês ek nommen hat, troch in mar oer te stekken yn it boat fan 'e fearman Charon. Om't er in slaaf is, moat Ksantias mar om it wetter hinne rinne, al hat Dionysus it ek net sa maklik as er ferwachte hie, want as se ienris fan wâl stutsen binne, twingt Charon him om mei te roeien.

Op dit punt komme de kikkerts foar de earste en iennichste kear foar 't ljocht, dy't de earste koarsang sjonge. Harren kwêkjende refrein "Brekekekeks-kwaks-kwaaks" wurket Dionysus alderûnbidichst op 'e senuwen, dat hy giet sabeare yn diskusje mei de kikkerts. Oare kant de mar wachtet Ksantias him al op, en de kikkerts wurde dêr ferfongen troch in koar fan Dionysyske mystisy. Ksantias pleaget syn skiterige master troch te sizzen dat er it skriklike meunster Empusa oankommen sjocht, mar dêr is neat fan oan.

Wol treffe se Eäkus, in tsjinner fan Hades, de god fan 'e ûnderwrâld, dy't noch altiten lulk is op Hêraklês om it stellen fan Serberus. As er Dionysus yn syn liuwehûd sjocht, mient er dat it Hêraklês is en drigemintet er dat er út wraak ferskate meunsters op him loslitte sil. Dionysus is spoekbenaud en wikselet gau fan klean mei Ksantias. Dan komt der in tsjeppe jongfaam oan dy't bliid is om Hêraklês te sjen en him útnoeget foar in feest mei dûnsfammen. Ksantias liket dat skoan ta, mar Dionysus twingt him om op 'e nij fan klean te ruiljen, sadat er sels nei it fammefeest ta kin. Underweis komme se lykwols fannijs fijannen fan Hêraklês tsjin, dat der wurdt foar in trêde kear fan klean wiksele.

As Eäkus dan weromkomt om 'e sabeare Hêraklês (Ksantias) op syn hâlden en dragen oan te sprekken, biedt "Hêraklês" him syn slaaf (Dionysus) oan om te marteljen, om sa út te meitsjen oft Hêraklês no in dief is of net. Mar de bange Dionysus jout daliks al ta dat er in god is en dat Hêraklês hielendal net oanwêzich is, en sa komt de moard út. Dionysus en Ksantias wurde foar de god Hades brocht op it stuit dat der yn dy syn troanseal in rûzje geande is tusken de grutte trageedzjeskriuwers Euripides en Aiskylos. Euripides, dy't noch mar krekt dea is, besiket Aiskylos it eareplak fan "de bêste trageedzjedichter" te ûntnaderjen. Der wurdt besletten om 'e saak foar te lizzen oan Dionysus, dy't ommers de god fan 'e toanielkeunst is.

Fan dit punt ôf feroaret Dionysus fan rol; hy is net langer it slachtoffer fan alle grappen yn it stik, mar hearsket no wier-wier oer it toaniel, sprekt earlik rjocht oer de tsierderijen fan 'e beide toanielskriuwers en brekt harren lange tirades ôf, dêrby in djip begryp toanend foar it sjenre fan 'e Grykske trageedzje.

Euripides en Aiskylos drage om bar fersen út harren toanielstikken foar en beslaan inoars wurk mei de gek. Euripides fynt dat de personaazjes yn syn stikken better binne om't se reälistysker en logysker binne, wylst Aiskylos mient dat syn ideälisearre personaazjes better binne om't se heldhaftich binne en rolmodellen foarmje oangeande deugdsumens. Aiskylos bespot Euripides syn fersen as foarsisber en formule-eftich troch Euripides regels út syn prologen opsizze te litten en dêrby eltse kear de foardracht te ûnderbrekken mei deselde ein foar eltse sin "... ferlear syn fleske oalje". (Dizze passaazje is sa ferneamd dat it oanbelangjende metrum bekend kommen is te stean as lekythion, "oaljefleske"). Euripides leit dêr tsjinyn dat Aiskylos syn koarsangen hartstikkene saai binne, troch út Aiskylos syn wurk te sitearjen en elts sitaat einigje te litten mei "o, wat in slach, wa komt my te help?" (dat út Aiskylos syn ferlern giene trageedzje De Myrmidoanen ôfkomstich is).

Om it debat te beëinigjen, lit Dionysus skealjes bringe. De beide toanielskriuwers wurdt hjitten dêr in pear fan har eigen regels yn te lizzen, en waans wurk oft it "wichtichst" is, hat wûn. Euripides komt op 'e lapen mei fersen oer it skip de Argo, oertsjûgingskrêft en in kneppel. Aiskylos neamt de rivier de Spercheios, de dea en in pear oer de kop sleine striidweinen mei twa deade menners. Mei't Aiskylos syn fersen oan "gewichtiger" dingen referearje, wint hy. Mar Dionysus wit noch altiten net wa't er mei werom nimme sil. Einlings beslút er dat it dejinge wêze sil dy't de bêste rie jout oangeande hoe't Atene fan min toaniel rêden wurde kin. Euripides jout slûchslim formulearre, mar feitliks ûnnutte antwurden, wylst Aiskylos praktysk advys biedt. Sadwaande beslút Dionysus Aiskylos ta libben te bringen ynstee fan Euripides. Om 'e need dêr't Atene yn ferkeart, stiet Hades dat ta. It stik einiget as Aiskylos, ear't er mei Dionysus ôfset, seit dat ûnder syn ôfwêzigens net Euripides, mar Sofokles it eareplak takomt.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | edit source]

Bātrachoi waard ûnder de titel Kikkerts yn it Frysk oerset troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't letter ek ferantwurdlik wie foar de Fryske fertalings fan Homêros syn Ilias en Odyssee en fan alle sân oerlevere trageedzjes fan Sofoklês. Yn in fraachpetear mei Abe de Vries, ta gelegenheid fan it ferskinen fan 'e Ilias en de Odyssee, yn 2004, fertelde Bruinsma dat er ek Bātrachoi yn it Frysk oerset hie.[1] Yn 'e digitale katalogus fan Tresoar is it lykwols net te finen, dat Kikkerts sil spitigernôch wierskynlik noch earne by Bruinsma thús yn in laad lizze te stofgarjen. It is dan ek net alhiel dúdlik wannear't de oersetting krekt makke is, mar mei it each op it feit dat Bruinsma yn 'e njoggentiger jierren tige yn 't spier west hat mei it fertalen fan Grykske trageedzjes (de oersetting fan Aristofanes syn Lysistrata is bgl. fan 1997) sil Kikkerts foar 't neist út dyselde snuorje datearje.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Vries, Abe de, It magnum opus fan Klaas Bruinsma: de Ilias en de Odyssee yn it Frysk.

Boarnen

  • Vries, Abe de, It magnum opus fan Klaas Bruinsma: de Ilias en de Odyssee yn it Frysk, 2004: (fraachpetear).