Hades (ûnderwrâld)

Ut Wikipedy
De reis fan Aeneäs nei Hades troch de yngong by Cumae. In lânkaart fan Andrea de Jorio út 1825.

Hades is de ûnderwrâld yn 'e Grykske mytology. It is ferneamd nei Hades, de god fan 'e ûnderwrâld, waans namme op in stuit frijwol synonym waard mei it ryk dat er regearre. Yn âldere myten is Hades in somber en dizich plak dêr't de deaden nei harren ferstjerren hinne geane. As men ienris de poarten fan Hades yngie, kaam men der nea wer ta'n út. De útsûnderings op dy regel wiene beskate healgoaden en helden, lykas Hearakles en Teseus. Odysseus, sels dochs ek perfoarst in held, ropt yn 'e Odyssee leaver de geasten fan 'e ferstoanen op as dat er nei harren delgiet. Letter yntrodusearre de Grykske filosofy it idee dat alle stjerlingen nei de dea berjochte waarden en al neigeraden harren dieden yn it libben beleanne of ferflokt waarden.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Men gie Hades yn troch de rivier de Styks oer te stekken, wêrfoar't men in obolus, in lyts muntstik betelje moast oan 'e fearman, Charon. Dyselde wie in ktoanysk wêzen dat neat oars die as de sielen fan 'e ferstoarnen oersette. De obolus waard tradisjoneel troch de fromme djipdrôven by it stoflik omskot fan 'e ferstoarne yn 'e mûle pleatst, sadat de ferstoarne it jild by him hawwe soe as Charon derom frege. De bidlers en de freonleazen koene Hades sadwaande net yngean en moasten neffens Boek VI fan 'e Eneïde fan Fergilius hûndert jier oan 'e igge fan 'e Styks wachtsje oant se talitten waarden. De Alde Griken brochten plingoffers oan 'e ferstoarnen om foar te kommen dat dy weromkeare soene nei de boppewrâld om as spûk dejingen lestich te fallen dy't fersomme hie en jou har in juste begraffenis.

Oan 'e oerkant fan 'e Styks bewekke de ferskuorrende trijekoppige hellehûn Serberus de eigentlike yngong fan Hades. Nei't se de ûnderwrâld yngien wiene, waarden de sielen fan 'e ferstoarnen berjochte nei de dieden yn harren libbens. Hades hie fiif rivieren, dy't allegearre in symboalyske betsjutting hiene: de Acheron, de rivier fan fertriet, de Kosytus, de rivier fan beklach, de Flegeton, de rivier fan fjoer, de Lete, de rivier fan ferjit, en de Styks, de rivier fan haat. De Styks wie in rivier dêr't sels de goaden by swarden en dêr't de held Achilles yn dipt waard om him ûnkwetsber te meitsjen.

De earste krite fan Hades bestie út de Greiden fan Asfodel, dêr't neffens de Odyssee de skimen fan helden mismoedich omdoarmje tusken de sielen fan mindere lju. Inkeld plingoffers fan bloed dy't yn 'e wrâld fan 'e libbenen oan harren brocht waarden, koe yn harren tydlik wer minsklike gefoelens wekker meitsje.

Fierderop lei Erebus, dat ek wol foar in synonym fan Hades holden wurdt. Dêr wiene twa puollen, dy fan 'e rivier de Lete, dêr't alle gewoane sielen út dronken om harren ûnthâld út te wiskjen, en de poel fan Mnemosyne ("ûnthâld"), dêr't lju út dronken dy't inisjearre wiene yn 'e mystearjes. Yn Erebus stie ek it paleis fan 'e god Hades, de kening fan 'e ûnderwrâld, en syn oarehelte Perséfoné. Yn it foarhôf fan dat paleis sieten de trije rjochters fan 'e ûnderwrâld: Minos, Radamantus en Aiakus. Op 'e trijesprong dy't hillich wie foar de goadinne Hekate, waarden de sielen berjochte. As se beoardiele waarden as noch deugdsum, noch kwea, waarden se weromstjoerd nei de Greiden fan Asfodel. Waarden se beoardiele as kwea, dan moasten se de wei nei Tartarus folgje, in soarte fan hel dêr't se straft wurde soene. Mar wiene se deugdsum, dan mochten se mei de helden de wei folgje nei de Elysyske Fjilden (ek wol de Eilannen fan 'e Seinigen of de Lokkige Eilannen neamd), in soarte fan himel dêr't se beleanne waarden.

Yn oare godstsjinsten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Romeinske mytology hiet de ûnderwrâld net Hades, mar de Romeinen hiene in protte eleminten fan Hades oernommen foar harren eigen foarm fan 'e ûnderwrâld. De yngong dêrfan lei yn Avernus, in krater by Cumae. Dat wie de rûte dy't de held Aineäs naam om nei de ûnderwrâld del te gean. Troch pars pro toto tsjutten de Romeinen harren ûnderwrâld faak oan as 'Avernus'. De bewenners fan 'e Romeinske ûnderwrâld waarden kollektyf oantsjut as de di inferi.

Yn 'e sibyllynske orakels, in aparte griemmank fan Gryksk-Romeinske en joadsk-kristlike eleminten, komt Hades ek foar as it lân fan 'e deaden. Troch in folksetymology wurdt de namme dêr lykwols ferklearre as in ferbastering fan 'Adam', de earste minske, om't dy de earste west hawwe soe dy't dêr yngien wie.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.