Romeinske mytology

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Romeinske mytology skaaimerkt him troch in grut ferskaat oan foarstellings oer in wrâld mei goaden en helden. De oarspronklike godstsjinst fan de Romeinen wie benammen in boerereligy dy't behearske waard troch de natuer. Om-ende-by de 5e ieu f. Kr. kamen de Romeinen yn kontakt mei de Griken en ymportearren doe dy harren goaden en helden. Sa ûntstie stadichoan in Romeinske goadenhimel dy't foar in grutstepart ûntliend wie oan de Grykse mytology, al is de Romeinske mytology net sa tsjok befolke mei goaden en helden as dy fan de Griken. Wylst de Romeinen hieltiid mear fan harren buorfolken oermasteren, absorbearren sy faak de goaden fan de oermastere folken.



Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer religy.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.