Karolingyske Renêssânse

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Foarbyld fan in Midsieuwsk manuskript, skreaun yn Karolingyske minuskul

De Karolingyske renêissânse wie in tiidrek fan grutte kulturele en wittenskiplike bloei dy't plakfûn healwei de 8e en yn de 9e ieu en dêr't it hichtepunt lei ûnder it bewâld fan de Frankyske keningen Karel de Grutte en Loadewyk de Fromme. Der wie sprake fan in waaksende ynteresse en aktiviteit op it mêd fan literatuer, skriuwen, keunsten, Boukeunst, liturgy en Bibelske stúdzjes. Yn dizze perioade ûntwikkele him ek it Midsieuske Latyn en de Karolingyske minuskúl, dat foar in wichtige stimulâns soarge yn de kommunikaasje tusken lannen yn Jeropa.

Under de hearskippij fan de Karolingen wie der sprake fan in tanimmende belangstelling foar de klassike kultuer. Byzantynske ynfloeden op de wize fan ôfbyldzjen fan it minsklike figuer waarden fermongen mei Germaanske, foar it grutste part abstrakte ornamintyk. In protte klassike teksten út de Aldheid yn it Latyn binne bewarre bleaun troch kopyen dy't yn de tiid fan de Karolingen makke binne. Dat barde benammen yn kleasterbibleteken, dêr't it oantal en omfang hiel bot fan tanamen ûnder en flak nei it tiidrek fan Karel de Grutte.

Karolingyske boukeunst[bewurkje seksje | edit source]

De Karolingyske boukeunst is de boustyl dy't ûnder it keningskip fan Karel de Grutte yntrodusearre waard yn it noarden fan Jeropa. It tiidrek fan dizze boustyl rint troch oant en mei it bewâld fan kening Otto I begjin 10e ieu, en wie in bewust besykjen om de Romeinske boukeunst gearranen te litten mei de Ier-kristlike keunst en boukeunst en Byzantynske boukeunst, mei syn eigen ynnovaasje, dat him oppenearre yn in boustyl mei in eigen unyk karakter.

In wichtich foarbyld fan Karolingyske boukeunst is de paltskapel, part fan de Akener keningspalts, no in part fan de Dom fan Aken, dêr't it ûntwerp basearre is op de San Vitale te Ravenna.

De Paltskapel in Aken

Foarbylden[bewurkje seksje | edit source]

Namme bouwwurk Plak Soart gebou Bouperioade
Paltskapel Aken, Dútslân Kapel 792 -805
Tsjerke fan Germigny Germigny-des-Prés, Frankryk Tsjerke 806
Michaelskirche Fulda, Dútslân Tsjerke 820 - 822
Abdij fan Corvey Under Höxter, Dútslân Abdij 822

Karolingyske skilderkeunst[bewurkje seksje | edit source]

Ealwyn (yn it midden), wie ien fan de liedende gelearden ûnder de Karolingyske Renêssânse.

De skilderkeunst út dizze perioade is sa goed as ferlern gien. Der binne allinnich beskriuwings fan wandskilderingen yn Ingelheim bekend. De ferloftingkeunst yn de manuskripten is lykwols fan útsûnderlike kwaliteit. Bekende skriptoria binne de Adagroep mei it Ada-Evangelarium fan Trier en it Godeskalk-Evangelarium út 781-789, it Ryksevangelarium fan Wenen út de Skola Palatina fan Karel de Grutte sels, mei Ealwyn, it evangelarium fan Ebo te Épernay út de skoalle fan Reims, it ferneamde Psalterium te Utert en út de skoalle fan Metz it Sakramentarium fan Drogo. Yn 879 waard yn de skoalle fan Korby, troch de bruorren Berengarius en Liuthardde, de codex aureus fan St. Emmeran makke foar Karel de Keale. Under it abt Vivianus waard in oar evangelarium makke foar Karel de Keale, tusken 844 en 858, yn de skoalle fan Tours. Ut de skoalle fan Sankt Gallen kaam it bekende evangelarium fan Sint Gallen.