Ravenna (stêd)
Ravenna is in stêd yn eastlik Itaalje. It is haadstêd fan de lyknamme provinsje Ravenna en telt om-ende-by 142.000 ynwenners (2000).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skienis
Al yn de 5e ieu f. Kr. wie sprake fan in delsetting yn de omjouwing fan Ravenna. Yn 89 f. Kr. waard de stêd Romeinsk en yn 402 haadstêd fan it West-Romeinske Ryk. Nei it ôfsetten fan de lêste Romeinske keizer troch de Germaan Odoaker setel fan syn Keninkryk en letter doe't de Ostrogoaten fan Diderik de Grutte Itaalje oermasteren opnij haadstêd.
Yn de Midsieuwen hat de stêd foar lange tiid setel fan de de Byzantynske Eksarch yn Itaalje west.
[bewurkje seksje] Nijsgjirrichheden
Yn de stêd binne de Byzantynske ynfloeden noch hieltyd sichtber. Yn de ferneamde Basilyk fan San Vitale (bou útein set 526) lizze prachtige mozayken.
Yn Ravenna binne ek zijn voorts grafmonumenten te vinden, zoals de tombe van keizerin Galla Placidia.
Acht bouwurken út de eardere kristlike tiid yn Ravenna stean op de Wrâlderfguodlist fan de UNESCO:
- Baptisterium fan de Ortodoksen (sirka 430) ek wol neamd "Batisterro degli Ortodossi" (doopkapel fan de Ortodoksen) om ôfstân te nimme fan de Arianen dêr't kening Diderik de Grutte oanhinger fan wie. Mei bylden fan gips en in fleurich mozayk yn de koepel.
- Mausoleum fan Galla Placidia (sirka 430)
- Baptisterium fan de Arianen (sirka 500), baptisterium (doopkapel) mei yn de koepel in mozayk dy't de doop fan Jezus foarstelt.
- Cappella Arcivescovile (sirka 500), in ortodoks monumint út de regearingsperioade fan Diderik.
- Basilyk fan Sant'Apollinare Nuovo (sirka 500)
- Mausoleum fan Diderik (sirka 520) (Mausoleo di Teodorico), boud mei grutte blokken kalkstien út Istrje
- Basilyk fan San Vitale (548)
- Basilyk fan Sant' Apollinare yn Classe (549) Tsjerke bûten de stêd, yn it doarpke Classe. Dizze basilyk is boud mei in silinderfoarmige bel.
Oare nijsgjirrichheden yn Ravenna binne:
- Basilyk fan Sint Francis basilyk, (10e-11e eieu)
- Barokke tsjerke Santa Maria Maggiore (525-532, ferboud yn 1671)
- Basilyk Santa Maria yn Porto (16e ieu), de foarkant stammet út de 18e ieu
- Rocca Brancaleone ("Kastiel Brancaleone"), boud yn 1457
- Paleis fan Diderik de Grutte
- Santa Eufemiakerk (18e ieu)
[bewurkje seksje] Musea
[bewurkje seksje] Berne yn Ravenna
- Marco Melandri (7 augustus 1982), Italjaansk motorcoureur
- Gionata Mingozzi (29 desimber 1984), fuotballer
[bewurkje seksje] Ferstoarn yn Ravenna
- Dante Alighieri (13/14 septimber 1321), Italjaansk skriuwer en dichter