Jezuïtetsjerke (Trier)

Ut Wikipedy
Jezuïtetsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Trier
koördinaten 49° 45' N 6° 38' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom Trier
patroanhillige Trije-ienheid
Arsjitektuer
boujier 1240
boustyl Gotyk
monumintale status Kulturdenkmal
Webside
Side parochy
Kaart
Jezuïtetsjerke (Rynlân-Palts)
Jezuïtetsjerke

De Jezuïtetsjerke is in eardere kleastertsjerke út 'e earste helte fan 'e 13e iuw yn 'e Dútske stêd Trier . De tsjerke is wijd oan 'e hillige Trije-ienheid.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarsprong fan 'e tsjerke leit yn 'e stifting fan in Fransiskaansk kleaster yn 'e earste helte fan de 12e iuw. In yn 1240 skreaune oarkonde makke melding fan it kleaster, dat wijd wie oan 'e Mem Gods. Nei't de Fransiskanen nei Sint-Gervasius gyngen, wiisde karfoarst Jakob von Eltz (1510-1581) de gebouwen ta oan 'e jezuïten om sa de tsjerke te herfoarmjen en de Trierske universiteit in yntellektuele oantrún te jaan.

Monumint Friedrich Spee

De jezuïten wijden de tsjerke oan 'e hillige Trije-ienheid. Tagelyk mei de oprjochting fan in kolleezje yn 1610-1614 waard ûnder it hjoeddeiske súdlike koer in krypte oanlein. Yn 'e rin fan 'e tiid waarden yn de saneamde Spee-grêfkelder likernôch 250 jezuïten begroeven. De grêfkelder waard ferneamd nei de ek dêr begroeven jezuïet Friedrich Spee von Langefeld (1591-1635), dy't fral namme makke as strider tsjin 'e hekseferfolging.

Karfoarst Clemens Wenzeslaus von Sachsen (1739-1812) droech de tsjerke yn 1779 oer oan de doe stifte biskoplike preesteroplieding. Yn 1794 besetten de Frânske revolúsjetroepen de stêd. De tsjerke rekke doe slim skeind en waard foar in skoft brûkt foar de opslach fan wynfetten. Nei it opheffen fan it seminaarje waard yn de tsjerke tusken 1798 en 1801 brûkt as in Timpel fan 'e Rede.

Mei de yndieling fan Trier by Prusen troch it Weenske Kongres waard de tsjerke foar in skoft in simultaantsjerke en sûnt 1819 oant 1856 in protestantsk tsjerkegebou. Karl Marx (1818-1883) die yn 'e tsjerke as jonge fan 15 jier syn belidenis. Nei't de protestanten de Konstantynbasilyk oernamen, waard de tsjerke yn 1857 nei in proses weromjûn oan de Roomsk-Katolike Tsjerke en sûnt is it wer in seminaarjetsjerke.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jezuïtetsjerke

Sûnt de lêste renovaasje stiet yn it koer in barok votyfalter, dat foarhinne yn 'e foarhôf fan it kolleezjegebou stie en dêr ferfongen is troch in replika. It alter mei Marije en Bern datearret út 1727.

Oan 'e súdlike kant fan 'e apsis is in 15e-iuwsk epitaaf fan 'e Lúksemboarchske hartoginne Elisabeth fan Görlitz. Yn it noardlike koer stiet it sakramintshúske. Troch in oculus yn it súdlike koer kin yn 'e Spee-grêfkelder sjoen wurde. Dêr is ek in grêfmonumint fan Wilhelm Eberschweiler.

De ferwulften fan 'e tsjerke binne mei blommen en planten beskildere. Om't de orizjinele beskildering net mear oanwêzcih wie binne de beskilderingen yn 'e âlde styl nij ûntwurpen.

De slútstiennen hawwe û.o. reliëfs fan wapens en it Laam Gods.

De ramen fan it roasfinster en it eastlike koer datearje út 1951 en waard neffens it ûntwerp fan 'e Trierske keunstner Reinhard Heß makke. Yn it roasfinster binne in grut triomfkrús, symboalen fan 'e Hillige Trije-ienheid en fan 'e fjouwer evangelisten te sjen. De ûnderste ramen stelle de symboalen en it reau dy't mei de krúsdea fan Kristus te meitsjen hawwe.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boppe de tagong fan 'e tsjerke stiet in oargel út 1994 fan 'e oargelboufirma Johannes Klais út Bonn. It oargel hat 27 registers op twa manualen en pedaal. De spyltrakueren binne mechanysk, de registertraktueren elektrysk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Jesuitenkirche (Trier)