Jeroen Elshoff

Ut Wikipedy

Jeroen Elshoff (Alkmaar, 2 febrewaris 1977) is in Nederlânske fuotbalkommentator en sportkollumnist. Sûnt 1 augustus 2008 wurket er by Studio Sport fan 'e NOS, dêr't er benammen ynsetten wurdt by fuotbalwedstriden út de Earedifyzje, de UEFA Champions League, en by grutte ynternasjonale lannetoernoaien. Earder wie de Noardhollanner yn 'e tsjinst fan Eyeworks Sport dat heart by betelstjoerder Sport1 (it eartiidske Canal+). Elshoff fersoarge yn 2018 foar de earste kear it kommentaar by de finale fan it wrâldkampioenskip fuotbal 2018 yn Ruslân foar de NOS. Dêrmei kaam hy yn ien rychje mei Herman Kuiphof, Theo Reitsma en Frank Snoeks.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Elshoff studearre sjoernalistyk yn Utert en belâne fia staazjes by RTV Rijnmond en de Ljouwerter Krante úteinlik by it Noardhollânsk Deiblêd. Nei syn ôfstudearjen waard er sportferslachjouwer by RTV Noard-Hollân, dêr’t er fêste folger wie fan Ajax en AZ. Elshoff syn lanlike debút as kommentator wie yn 2004 by it telefyzjeprogramma mei Ingelsk en Dútsk fuotbal fan RTL 5, dat presintearre waard troch Wilfred Genee. Net lang dêrnei folgen live wedstriden by Canal+.

Yn augustus 2005 kaam Elshoff yn 'e tsjinst by Eyeworks. Hy fersoarge foar Sport1 ûnder mear it kommentaar by de WK-finale yn 2006 en fersloech yn Spanje it duël dêr't FC Barcelona it kampioenskip helle by Celta de Vigo, mei Frank Rijkaard as trener. Yn 2007 joech Elshoff tegearre mei Wim Kieft kommentaar by de UEFA Cup-finale tusken FC Sevilla en Espanyol yn Glasgow.

Doe't de NOS de útstjoerrjochten foar de Earedifyzje wer krige, fanôf it seizoen 2008-2009, waard Elshoff oanlutsen as nije kommentator foar de Earedifyzje en de UEFA Champions League. By it WK Fuotbal 2010 wie Kaapstêd syn thúsbasis en debutearre Elshoff op in grut eintoernoai by de publike omrop.

Op it EK fuotbal 2012 hearde hy by de lêste fjouwer kommentators dy't nei de groepsfaze troch de NOS ynsetten waarden. Ek op it WK yn 2014 en it EK yn 2016 wie Elshoff aktyf as fuotbalkommentator. Yn Frankryk wie hy te hearren by de heale finale tusken Dútslân en Frankryk. Neist fuotbal wie rugby (oant mids 2015) de twadde sport dêr't de yn Alkmaar berne Elshoff ferslach fan die.

Op 10 oktober 2014 liet de NOS him debutearje by it Nederlânsk fuotbalalvetal foar it ferslach fan de EK-kwalifikaasjewedstryd tsjin Kazachstan. Dêrby foege Elshoff him by de fêste Oranje-kommentators fan Studio Sport. Yn 2015 die Elshoff foar it earst ferslach fan in finale. Hy bekommentariearre de lêste Champions League-finale fan de NOS tusken FC Barcelona en Juventus (wûn troch Barcelona), foardat de rjochten oergiene nei SBS. Yn 2017 wie Elshoff de kommentator by de histoaryske oerwinning fan it Nederlânsk frouljusalvetal op it Europeesk kampioenskip froulju 2017. Nei dy finale seagen mear as 4 miljoen minsken.

Sûnt begjin 2016 is Elshoff ek te sjen as sidekick yn it nije NOS-programma Eredivisie op Vrijdag, dat presintearre wurdt troch Henry Schut. Neist Elshoff is fuotballer Daniel de Ridder dêr fêste gast.

As leafhawwer fan Amerikaanske sporten skriuwt Elshoff ferskate kollumns oer Amerikaansk fuotbal út de NFL en honkbal út de MLB foar de webside SportAmerika.nl en it lykneamde digitale magazine. Fanwege syn grutte passy foar de Super Bowl waard er as gast frege by ûnder mear by de telefyzjeprogramma’s De Wereld Draait Door en RTL Late Night.

Elshoff is troud en hat in dochter en in soan.