Kollumn

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In kollumn is in koart stikje proaza dêr de auteur spits en útdaagjend syn miening yn fentilearret. Faak wurdt in kollumn yn in krnate of tydskrift publisearre, mar ek in sprutsen kollumn op radio of televyzje, of publikaasje op ynternet kommme foar.

Der jilde amper beheinings foar wat it ûnderwerp fan in kollumn wêze kin; it gamma rikt fan húslike foarfallen oant de wrâldpolityk. Dei- en wykblêden hawwe faak ien of mear fêste kollumnisten yn hûs, dy't ynspylje op de aktualiteit.

De kollumn is in mear beskôgjende fariant fan it kursyfke, dat it mear fan koartswilige observaasje on fertelling hawwe moat. Sûnt de jierren 70-80 hat de kollumn it kursyfke opfolge. It essay ûnderskiedet him fan de kollumn troch de bredere útwurking en grutttere djipgong. It is ek faak wat objektivearjender.

Oan kollumnisten wurdt troch de Nederlânske rjochter in grutte mate fan frijheid takend yn haren kollumns. Dizze frijheid kin him ek útstrekke ta teksten dy't, as se bûten in kollumn skreaun wêze soene, as kwetsend of beledigjend oanmerke wurde.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen