Iemnes

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gemeente Iemnes
Tsjerke Iemnes-Bûten, op de eftergrûn de Iemnesser Polder.
Wakkerendyk, links de âlde bebouwing, rjochts nije pleatsen yn de Iemnesserpolder
Roomske tsjerke oan de Wakkerendyk
Tsjerkebuert by de âlde Nikolaastsjerke
Herfoarme tsjerke
kafee Eemland oan de Laarderwei

Iemnes is in plak en gemeente yn de provinsje Utert. De gemeente hat 8.879 ynwenners (2008) en in oerflakte fan 33,67 km² (wêrfan 2,54 km² wetter). Binnen de gemeentegrinzen lizze gjin oare kearnen.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Yn de 12e ieu wie Iemnes in sompich gebiet oan de mûning fan de Iem, dat meastentiids ûnder wetter stie. By in stoarmfloed yn 1170 is der in gat slein yn de feanrich tusken Starum en Inkhuzen. Dêrtroch koe it wetter út Midden-Nederlân makliker weistreame nei de Waadsee. It gefolch wie dat ek om de Iemmûning it wetterpeil sakke. Sûnt dy tiid waard begûn mei de ûntginning fan it Iemnesser grûngebiet. Om 1200 ûntstie oan de eastouwer fan de Iem, dêr’t no Iembrêge leit, it doarp Ter Iem, fersterke mei Kastiel ter Iem. Koart dêrnei begûnen pioniers, dy’t Ter Iem bewennen, it moerasgebiet west fan de Iem te ûntginnen, fan in lântonge yn de rivierbocht fan de Iem foar Ter Iem oer. Dêrút kin de namme fan Iemnes ferklearre wurde. 'Nes' betsjut nammentlik lântonge.

De ûntginders holden as wenplak Ter Iem. Se leinen in kaaidyk oan by de Iem lâns (de Simmerdyk) en dêrwei waarden kavels lân projektearre, fan east nei west. Men gie sa fier nei it westen as’t men nedich hie. As noardgrins waard in sydwende oanlein. Dit is in soarte brede dyk, dy’t yn east-west rjochting rûn fan de Iem oant it tsjintwurdige Laren. Dizze sydwende lei ten noarden fan de Iemnesser Feart op de hichte fan de Laarderwei. Troch boaiemsakking waard troch de ûntginders hieltyd fierder rjochting It Goai ûntgûn. Nei ± 1300 ferhuzen ek stees mear ûntginders fan Ter Iem nei de stripe dy’t no Wakkerendyk/Mientwei hjit. De ûntstean twa wenkearnen, dy’t letter Iemnes-Binnen en Iemnes-Bûten hjitte. It âldste dokumint wêryn de namme Iemnes weromfûn is, komt út it jier 1269.

Oant dan wie in kriik op it plak fan de hjoeddeiske Goaiersgrêft de ûnoffisjele grins tusken it Greefskip Hollân en it bisdom Utert. Yn de 14e ieu krige de Greve fan Hollân ek belangstelling foar it nije lân. Om 1325 liet hy mei peallen in grins markearje op it plak dêr’t no de Mientwei en de Wakkerendyk rinne. Dizze grins waard 'de rede' neamd en it Iemnesser gebiet ten westen fan de rede neamde de Greve East-Hollân. Op it plak fan de rede waard al gau in wei oanlein en yn koarte tiid ferhuzen in soad ûntginners fan Ter Iem en út de polder wei nei beide siden fan de nije wei. It hjoeddeiske Iemnes wie doe ûntstien. It waard in gerjocht dat yn 1339 al in eigen bestjoer hie mei 13 skepenen.

Yn 1342 waard Jan fan Arkel biskop fan Utert. Hy wie in krêftdiedich man en stelde him net tefreden mei dat in Greve fan Hollân him in diel fan it nije lân taeigene hie. Yn 1346 brocht hy East-Hollân ûnder it gesach fan de biskop en ferwoaste hy de doetiidske delsetting Iemnes, ynklusyf it krekt boude tsjerkje.

Nij begjin[bewurkje seksje | edit source]

Om de Iemnessers dochs oan him te binen joech hy Iemnes tusken 24 july en 7 septimber 1352 stedsrjochten. Boppedat mocht men in tsjerke bouwe op it stee fan it âlde tsjerkje (yn de hjoeddeiske Tsjerkestrjitte). Dizze tsjerke waard wijd oan de Hillige Nikolaas. Om de parochy fan Ter Iem net tefolle te beneidielen waard in soarte kompromis sletten dêr't it súdlike diel fan Iemnes by Ter Iem by bleau. De doetiidske nije grins fan Ter Iem is net goed bekend út de argiven. Wol waard letter de skiedsleat tusken de perselen Wakkerendyk 178 en 180 fêststeld as de grins tusken Iemnes-Binnen en Iemnes-Bûten.

Noch gjin ieu letter, yn 1439, waard it gebiet besuden de skiedsleat dochs losmakke fan Ter Iem. Dit soe om strategyske redenen dien wêze. It gebiet krige stedsrjochten ûnder de namme Iemnes-Binnendyks. Men mocht in eigen tsjerke bouwe, dy’t wijd waard oan Sint Piter (yn de folksmûle ‘It dikke Tuorke’ neamd). By de tsjerke fan Iemnes-Bûten is de boustyl fan de toer ôflaat fan de Utertse Domtoer. In hast identike toer is boud yn Amerongen.

Dat de grinsskelen tusken Hollân en Utert wyls noch altyd trochgienen, bewiisde in boerd, dat oant it begjin fan dizze ieu yn de herfoarme tsjerke fan Iemnes-Bûten hongen hat en yn 1981 opnij ophong waard. Hjirop stiet de tekst:

Toen men schreef veertienhonderdtagtig en een
Was er in Eemnes een groot geween
Daer bleven twee en zeventig menschen doot
Godt help de sielen uit den noot

Herfoarming[bewurkje seksje | edit source]

On de ein fan de 16e ieu gienen de tsjerken fan Iemnes-Bûten en Iemnes-Binnen oer yn herfoarme hannen. De herfoarmen tsjerken yn de Grutte of Sint-Nikolaastsjerke en de Pitertsjerke yn Iemnes-Binnen. In grut diel fan de Iemnesser befolking bleau lykwols Roomsk. Foar de earetsjinst kaam dizze groep gear yn in skuorretsjerke en letter yn in definityf tsjerkegebou op it plak dêr’t no de roomske Sint Nikolaastsjerke oan de Wakkerendyk stiet (it besteande tsjerkegebou yn 'waterstaats' styl is yn 1845 ree komd).

Yn 1589 waard de Iemnesser Feart groeven, wêrtroch't de ynwenners in ferbining krigen mei de rivier de Iem. Yn de simmerdyk waard doe in houten slûs makke. Al yn 1650 waard dizze houten slûs ferfongen troch in stiennen slûs dy’t no noch oan de ein fan de Iemnesser Feart stiet. Yn 1994 waard de restauraasje foltôge.

Fan de 17e ieu ôf krije de beide Iemnessen mear rêst. De measte ynwenners wienen boer en de froulju fertsjinnen wat by mei it spinnen. Op in stien yn it ‘Dikke Tuorke' stiet de tekst:

Hoyt de spoelconst in eeren
Want alle mensche behoeve cleeren
Ghelijckt bij alle verstandige bekent is
Dattet gewevene in de geboorte noodich en na de doot 't laetste present is.

Yn 1811 waarden Iemnes-Bûten en Iemnes-Binnen gearfoege ta ien gemeente Iemnes mei 1.148 ynwenners. Yn lange tiid feroare der oan it eigene dykdoarp Iemnes net folle.

Oanlis Rykswei A27[bewurkje seksje | edit source]

It oansjen fan Iemnes is yngripend feroare sûnt ± 1970. Wentebou yn de Súd- en Noardbuert, de oanlis fan de A27, dwers troch it lanlik gebiet tusken de dyk en de gemeente Laren, en de ruilferkaveling brochten grutte feroarings. Yn it ramt fan de ruilferkaveling waarden sûnt sa. 1990 molkfeehâlderijbedriuwen fan de Mientwei en Wakkerendyk ferplakke nei plakken yn de grutte iepen polder. De pleatsen stean faak al wat heger as it omlizzende lân. Pleatsen dêr’t ieuwenlang op buorke wie, faak generaasjes lang troch deselde famylje, waarden ferlitten. Se waarden ferkocht oan faak begoedige boargers dy’t der riante wenten fan makken.

Underwiis[bewurkje seksje | edit source]

Iemnes hie yn 2008 seis ûnderwiisynstellings, allegear basisskoallen. Ien dêrfan is protestantsk-kristlik, ien katolyk en twa iepenbier. Fierders binne der noch twa skoallen dy't it Jenaplan-prinsipe oanhingje.

Berne[bewurkje seksje | edit source]

Aldheidkeamer[bewurkje seksje | edit source]

Sûnt 1993 hat Iemnes in âldheidkeamer yn de earder brânwachtgaraazje oan de Riedhûsleane. Der binne aktiviteiten en der wurde tentoanstellings hâlden mei dokumintaasje oer it âlde Iemnes. De skiednis fan de pleatsen, de haven, de tsjerken, monuminten en Iemnesser famyljes en bygelyks de herbergen as 'De Lindeboom' en it 'Rode Kruis') krijt dêr omtinken.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • Yn Iemnes stiet de lúkse filla fan it tv-programma De Gouden Koai dêr't tsien dielnimmers har yn opslute lieten. De finale wie op 22 maaie 2008.
  • Iemnes hat ek in fuotbalklup, sv Eemnes. De klup fierde yn 2008 it 60-jierrich bestean en it earste alvetal komt út yn de 2e klasse B.
  • Yn it eartiidske Iemnes-Bûten stean noch in tal âlde húskes fan de eardere buorren, en in lyts âld riedhûs dat no brûkt wurdt as restaurant.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: