Hollum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
lizzing fan Hollum

Hollum is it westlikste doarp op it Amelân. It is ek it grutste doarp yn de gemeente, mei likernôch 1.230 ynwenners (2004).

Hollum leit oan de Borndjip en is dêrmei ek it meast westlike en ek it grutste fan de fjouwer doarpen op It Amelân. Yn it doarp binne in soad smelle strjitsjes en kommandeurshuzen. De takkele rânen fan de gevels jouwe de rang fan de seefarder oan dy't yn it hûs wenne. Hoe mear takkels op de gevelrânen, hoe heger de rang.

Ynhâld

[bewurkje seksje] It besjen wurdich

[bewurkje seksje] Sorgdragermuseum

It kultuer-historyske Sorgdragermuseum sit yn it eardere kommandeurshûs út 1751. Der is in wikseleksposysje en der wurde dialêzingen en rûnliedingen organisearre.

[bewurkje seksje] Reddingsmuseum

Yn it eardere reddingsboat hûs sit Reddingsmuseum "Abraham Fock" gevestigd. De namme komt fan de oant 1988 tsjinst dwaande hyndersreddingsboat dy't noch te besjen is. By demonstraasjes wurdt de boat troch tsien hynders fan it museum nei de see ta brocht.

[bewurkje seksje] Stellingmole De Ferwachting

Yn mole De Ferwachting wurdt geregeld nôt of moster meald.

[bewurkje seksje] Mienskip

Sûnt 1948 bestiet de Feriening Doarpsbelang. De feriening wol bûten de eigen belangen ek it toerisme befoarderje. It doarp hie yn it earstoan in eigen VVV, dy't leter opgien is yn de VVV fan It Amelân. Sa waarden skulpepaadsjes oanlein, foarsjennings makke, strânfeesten en optochten organisearre.

Sundeklazen

It Sinteklaasfeest wurdt yn Hollum noch as fanâlds dien. Op 4 desimber is it feest foar de bern, op 5 desimber foar boppe de achttjin jier. Allinnich jonges en manlju ferklaaie har. Der wurdt dan op buffelhoarns blaasd en men mei net werkend wurde, ek net oan de stim. De saneamde baanfeiers feie alles wat frou hjitte kin fan de strjitte. De "Ouwe Sunderklazen" of "Omes" meie froulju en famkes twinge om te dûnsjen.

dweilorkest

De "Hollumer Gromkes" is in dweilorkest dat yn 1991 oprjochte is mei de Blauhúster Dakkapel as foarbyld. Ynstee fan de Fryske truien drage de muzikanten in trui mei it Amelanner wapen.

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Berne yn Hollum

[bewurkje seksje] Strjitten

Alle strjitten fan Hollum.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen