Nes (It Amelân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing fan Nes
De tsjerke fan Nes (2007)
Moster- en Nôtmole de Ferwachting (2007)

Nes is in doarp op It Amelân, middenop it eilân. It doarp hat likernôch 1.110 ynwenners (2004).

Eartiids wie Nes it haadplak fan It Amelân. Tsjintwurdich stiet it gemeentehûs yn Ballum. Yn Nes leit de fearboat nei Holwert. Dizze feartsjinst wurdt ûnderholden troch rederij Wagenborg. Yn it doarp steane prachtige kommandeurshuzen út de "Gouden Ieu". De huzen steane om de frijsteande toer, dit is in eardere fjoertoer.

Nôtmole De Feniks is fan 1880.

Fierders is der in Natuersintrum oer de natuer fan It Amelân. Hjirwei wurde ek ekskurzjes organisearre

Ynhâld

[bewurkje seksje] Haven

By Nes, oan de súdkant fan It Amelân, lizze de fearsteiger en de jachthaven fan it eilân, ien fan de 17 waadhavens. It rêdingstasjon fan de KNRM hat apart hjirfan fasiliteiten yn de Ballumerbocht, sa'n 4 km beëasten de feardaam. De jachthaven wurdt beheard troch Stifting Jachthaven it Leyegat en is iepen fan 1 april oant 1 novimber. By leechwetter is de haven allinnich foar lytse skippen oan te farren fanwege de de ûndjippe tagong fan 0,60-0,80 m by de havenyngong. De oanfarrûte troch de Reegeul is rjocht en dúdlik bebeakene. De havenyngong is oan de eastkant fan de fearboatsteiger, fan de Reegeul ôf moat rekken holden wurde mei ôf- en oanfeart fan fearboaten en rûnfeartboaten. Droechfalle kin op ferskate plakken, bygelyks eastlik fan de jachthaven. De haven hat driuwende steigers mei stroomfoarsjenning, in havenkantoar mei meteo- en tij-ynformaasje en sanitêre foarsjenningen.

[bewurkje seksje] It besjen wurdich

[bewurkje seksje] Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje] Berne yn Nes

[bewurkje seksje] Strjitten

Alle strjitten yn Nes (It Amelân).

Nesser bosk
De Vleijen

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen