Bornrif (fjoertoer)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De fjoertoer fan It Amelân

De fjoertoer fan It Amelân wurdt soms Bornrif neamd, al krige de fjoertoer by de bou gjin namme mei. De toer waard yn 1880 boud, yn opdracht fan Kening Willem III. De jitizeren toer is ûntwurpen troch Quirinus Harder en waard boud troch in jitterij yn Dimter. De losse segminten binne nei It Amelân ferskepe en dêr op elkoar setten.

Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam der in nij, swakker ljocht op de toer; sadwaande krige de toer doe de bynamme fan "skimerlampe". Yn 1952 waard der in nij, sterker ljocht op setten. Dit ljocht hat in sterkte fan 4.400.000 candela.

Sûnt ein 2004 is de toer eigendom fan de Gemeente It Amelân en sûnt 26 maart 2005 is de toer wer foar toeristen tagonklik. De toer wurdt as eksposysjeromte brûkt. Boppe-yn is in wurkkeamer ynrjochte lykas dy troch de fjoertoerwachter brûkt waard.

De fjoertoer is 55,3 meter heech en hat 15 ferdjippings. De treppe nei boppe hat 236 treden. It optyk komt fan de eardere Fjoertoer Westhaad yn Alddoarp.

Detail

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]