Harry Kuitert
Harminus Martinus (Harry) Kuitert (Drachten, 11 novimber 1924) is in Nederlânk teolooch (fan Fryske komôf) en etikus, fan hûs út is hy grifformeard.
Kuitert wie dûmny yn Scharendijke (Schouwen-Duiveland) en studintepredikant yn Amsterdam. Yn 1953 makke hy yn syn Sieuske gemeente de Wettersneed mei. Hy hearde yn 1961 ta de "Achttjin", de groep fan herfoarme en grifformearde predikanten dy't oprôpen ta werstel fan de brekken yn protestantsk Nederlân. Yn de jierren 1967-1989 wie hy heechlearaar 'Etyk en Ynlieding dogmatyk' oan de Amsterdamske Vrije Universiteit, dit as opfolger fan syn promotor G.C. Berkouwer.
Kuitert is in fertsjintwurdiger fan de moderne teology (sjoch ek: modernisme). Yn syn wurk giet hy út fan de stelling dat alles wat oer Boppe sein wurdt fan ûnderen komt: earst wienen der minsken en doe religy en doe goaden en God. Hjirmei huldiget hy as teologysk begjinsel, dat religy - ek it kristlike leauwen - in minsklike konstruksje is, in erfenis fan ús fiere foarâlden, dy't mei help fan harren ferbylding betsjutting ferlienden oan in wrâld dy't fan himsels gjin betsjutting meibringt. Ek it kristendom is foar him in tradysje wêrfan de wearde leit yn de sin dy't it oan it libben ferlient. Geloofsfoarstellingen foar wier hâlde sjocht hy as in misferstân, minsken (foarâlden) leinen harsels en harren wrâld dermei út. Teology is, mei oare wurden, in foarm fan hermeneutyk. Dizze antropologyske oanpak beskôget dan ek de ferskate godstsjinsten oan elkoar, wat status oangiet, lykweardich.
De oarspronklike omlining fan it kristlike leauwen, lykas dit fêststeld waard troch de earste konsyljes en tsjerkefaars hat foar Kuitert, lykas far de measte moderne teologen, gjin twingende betsjutting. De kearn fan it kristlike boadskip yn it Nije Testamint, it lijen, stjerren en de ferrizenis fan Jezus binne foar Kuitert net maatjouwend foar it kristen-wêzenn. It dogma fan de God-mins Jezus wurdt oars beskôge, nammentlik as in unyk mins (út in soad oaren). De persoanlike God wurdt troch Kuitert opfetten lykas de bibel Him tekenet: as útfergrutte minsk: God is in mytologyske gestalte. Syn teology stiet dêrmei kritysk tsjinoer it tsjerklik dogma, mar net minder tsjinoer it saneamde eatisme en de New Age-beweging. Kuiterts publikaasjes binne yn ferskate talen oersetten.
Publikaasjes (in seleksje) [bewurkje seksje]
- De mensvormigheid Gods. Een dogmatisch-hermeneutische studie over de anthropomorphismen van de Heilige Schrift - Kampen 1962 (proefskrift), 2e printinge 1967
- De spelers en het spel - Amsterdam 1964
- Verstaat gij wat gij leest ? Over de uitleg van de bijbel - Kampen 1968
- Anders gezegd. Een verzameling theologische opstellen voor de welwillende lezer - Kampen 1974
- Zonder geloof vaart niemand wel - Baarn 1974
- Een gewenste dood. Euthanasie als moreel en godsdienstig probleem - Baarn 1981
- Suicide: wat is er tegen? Zelfdoding in moreel perspectief - Baarn 1983
- Het algemeen betwijfeld christelijk geloof - Baarn 1992
- Jezus, nalatenschap van het christendom - Baarn 1998
- Over religie. Aan de liefhebbers onder haar beoefenaars - Baarn 2000
- Voor een tijd een plaats van God: een karakteristiek van de mens - Baarn 2002
- Schiften: wat er in de christelijke geloofswereld toe doet en wat niet - Baarn 2004
- Hetzelfde anders zien. Het christelijk geloof als verbeelding. - Kampen/Baarn 2005
- De dood de baas. Gedichten belicht voor je begrafenis. - Kampen/Baarn 2007
- Dat moet ik van mijn geloof - Godsdienst als troublemaker in het publieke domein. - Ten Have, Kampen 2008 (ISBN 9789025959418)