Springe nei ynhâld

Godshûs (gebou foar earetsjinst)

Ut Wikipedy
De Timpel fan Hefaïstos, yn Atene.

In godshûs is in bouwurk dat bedoeld is foar de útoefening fan godstsjinstige en spirituële rituëlen en seremoanjes en foar oanbesibbe aktiviteiten lykas it dwaan fan gebedens en it bringen fan offers. Under dizze term kinne sokke bouwurken fan alle religyen beflapt wurde, hoewol't foar kristlike, joadske en islamityske godshuzen yn 'e regel de spesifikere oantsjuttings tsjerke, synagoge, resp. moskee brûkt wurdt. Foar godshuzen dy't yn gebrûk binne by oanhingers fan it bahaïsme, boedisme, hindoeïsme, jaïnisme, sikhisme, sjintoïsme, soroästrianisme, taoïsme en oare godstsjinsten wurdt ornaris de algemiene namme timpel (fan it Latynske templum) oanholden, en itselde jildt foar heidenske godshuzen út 'e Aldheid, dêr't yn Grikelân, Rome, Egypte en it Midden-Easten noch rûnom ruïnes fan werom te finen binne. De measte natoerreligyen meitsje gjin gebrûk fan timpels; se hâlde harren earetsjinsten gewoan yn 'e iepen loft, yn 'e hûs of yn in tinte. Dat wol lykwols net sizze dat yn natoerreligyen timpels hielendal net foarkomme.

Fanwegen dit grutte ferskaat oan religieuze rjochtings is de foarm en funksje fan godshuzen ek tige fariabel, hoewol't se gauris itselde spirituële konsept belichemje fan it "hûs" fan ien of mear goaden. Faak komt men yn godshuzen om op 'e iene of oare foarm in offerjefte oan dy god of goaden te bringen en/of om 'e help fan dy god of goaden ôf te smeekjen yn gebedens of mei oare rituëlen. Godshuzen wurde faak ûnderholden troch in spesjale groep geastliken dy't meastal ek foargeane yn in ferskaat oan seremoanjes. Ynhoefier't de hiele leauwensmienskip tagong hat ta it gebou, ferskilt sterk, mei't it alhiel gjin seldsum ferskynsel is dat in diel fan it godshûs of soms sels it hiele gebou inkeld tagonklik is foar de geastliken sels. Ek komt it foar dat froulju of beskate maatskiplike groepen (kasten) fan tagong ta it godshûs útsletten binne, wat almeast te krijen hat mei it religieuze begryp fan ûnreinheid. Godshuzen hawwe faak in haadgebou mei dêromhinne in soarte fan hiem dat derby heart (by tsjerken in tsjerkhôf), soms mei ferskate bygebouwen. As de gewoane leauwenden gjin tagong ta it godshûs sels hawwe, meie se har yn 'e regel wol op it byhearrende hiem bejaan.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.