Frisia (literêr tydskrift)

Ut Wikipedy

Frisia wie it literêre moanneblêd fan de Jongfryske Mienskip. It blêd wie wijd oan de 'ûnbehindere ûntntjowing fen 'e Fryske geast'. Oprjochter fan Frisia wie de destiidske lieder fan de Jongfyske beweging Douwe Kalma en syn meistanners.

De redaksje bestie út Douwe Kalma en A. de Vries. Meiwurking waard ferliend troch Marten Baersma. Reinder Brolsma, E.B. Folkertsma, T. Hettinga, Wibe Klazema, Simke Kloosterman, J.F.D. van der Mei, E. R. Regenbogen, Marten H. Castelein, Helte Reitsma, Ids Schaalsma, Bokke Simens, Pieter Sipma, Hylke Sjonger, R.P. Sybesma, Rinke Tolman, G.R. Veendorp, M.S.E. Visser, Theun de Vries, Anders Minnes Wybenga, Sjouke de Zee en G. Zeldenrust.[1] It bled waard útjûn troch A.J. Osinga út Snits.

It earste nûmer ferskynde yn april 1917. Dit nûmer hie as ûnderwerpen Jelmers jonge Libben fan Marten Baersma (ferfolch); Mem en Boi (út it Dútsk fan Multatuli) fan G. Postma; Fersen fan J.D. van der Mei; Fen it Soldatelibben, fan J.P. Wiersma; In pear Sonnetten, fan R.P.S.; It sjongende Fryslân (krityk fen S.D. de Jong); Myn stille Wylgebeammen, fan Th. de Vries; Fryske Kronyk (IV), fan D. Kalma; Fryske les (III) fan P. Sipma en Boekbeskôging, fan P. S. [2]

Yn 1920 besleat de Jongfryske Mienskip om it moannetydskrift ta wykblêd te ferheffen en fan dy datum ôf de stipe út de ferieningskas oan it wykblêd It Heitelân yn te lûken.[3] It lêsjild wie doe f 4 (mienskipsleden f 3) Nei in rêst fan in jier ferskynde yn 1927 by de útjouwers fan 'It Heitelân' (Brandenburgh & Co, te Snits) fannijs. It blêd stie dat jier ûnder lieding fan R.W. Canne, Douwe Kalma, Simke Kloosterman, Fedde Schurer en S.R. Sipma. De reden dat 'Frisia' wer ferskynde lei neffens de redaksje yn har foaropwurd hjiryn, 'dat der fannijs in ienheid ûntstien is dy 't yn de gearstalling fan de tsjintwirdige redaksje ta utering komt, en dy 't mooglik, troch de herstifting fen dit mienskiplike tydskrift, goeds dwaan koe foar de mienskiplike saak fan Fryslán'.[4]

Yn 1929 waard besluten om de Upstalbeam-meidielings tenei op te nimmen. It blêd Pompeblêden waard in byblêd fan Frisia.

It ledetal rûn yn in pear ier op nei sa’n achthûndert. Kalma publisearre yn de earste ôfleverings syn gedicht 'Kening Aldgillis' en krige in soad bewûnderjende lêzers. It literêre peil sakke lykwols yn de lettere jiergongen. De Jongfryske Beweging makke hichte- en djiptepunten mei. Der kamen nije redakteuren en feroarings dêr ’t ek de jonge dichter Kalma in grutte rol yn spile. Op in stuit hie it lytse moanneblêd wol fiif redakteuren. It tal abonneminten sakke yn de krisisjierren hieltiten fierder oant it blêd yn 1936 opheft wurde moast. [5]

Frisia soe yn 1952 fierder gean as orgaan fan de Jongfryske Mienskip ûnder de namme 'Lyts Frisia' (1952 - 2002)

Fryske Bibleteek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frisia gie út fan de Jongfryske Mienskip, mar yn 1922 waard it ek orgaan fan De Fryske Bibleteek. Yn 1937 waard it tydskrift Frisia omset yn de Frisia-rige fan op harsels steunde útjeften fan Frysk proaza en poëzij. As nûmer ien ferskynde yn dy rige de novelle: De wraek fan Ulbe van Houten, oare titels wiene fersebondel Dagen (Obe Postma) de fersebondel Waerglês (Jan Piebenga), Noedlik doel (Ype Poortinga), Inne de Jong syn fersen Harstwiich en de bondel essays Swier lok fan E.B. Folkertsma.[6] De rige bleau bistean oant 1946.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. LC, 21 desimber 1916
  2. LC, 4 april 1917
  3. De Nieuwe Courant, 19 febrewaris 1920
  4. Dragtster courant, 14 jannewaris 1927
  5. De Standaard, 16 febrewaris 1937
  6. LC 16 novimber 1963