Fokker F.VII

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Fokker F.VIIb-3 m (CH-192) fan Swissair flein troch Walter Mittelholzer yn Kassala (Sûdan), febrewaris 1934.

De Fokker F.VII is in heechdekker passazjiersfleanmasine boud troch de Nederlânske fleanmasinebouwer Fokker en har Amerikaanske dochterûndernimming Atlantic Aircraft Corporation. De earste fecht wie op 11 april 1924. De F.VII is troch ferskillende fleanmasinebouwers yn lisinsje makke.

Untwerp en ûntwikkeling[bewurkje seksje | edit source]

It earste ûntwerp fan de F.VII kaam fan de hân fan Walter Rethel en wie in fierdere ûnjouwing fan de Fokker F.V. Anthony Fokker ferbettere it ûntwerp troch it toestel twa ekstra motoren te jaan. Dat wie teffens de konfiguraasje dêr't it yn mei die oan de Ford Reliability Tour yn 1925, dy't it ek wûn. It gefolch wie dat alle modellen fan de F.VII fan doe ôf trije motors krigen; dêrtroch waard de fleanmasine bekend ûnder de namme Fokker Trimotor.

De Fokker dy't acht oant tolve passazjiers meinimme koe waard besteld troch mannich loftfeartmaatskippij yn Noard-Amerika en Jeropa. Tegearre mei de te ferlykjen Ford Trimotor dominearre de F.VII de Amerikaanse merk yn de jierren 1920. Dochs wie it hurd dien mei de populêrens fan de F.VII nei de dea fan de Footballcoach Knute Rockne, yn in fleantúchûngemak fan Trans World Airlines flecht 599, yn in Fokker F.10 yn 1931. It ûndersyk nei de crash ûntfâlde problemen mei Fokkers Multiplex-laminaat konstruksje en hie fan gefolgen dat it type de loft net mear yn mocht foar kommersjele flechten en de rop om fleanmasines fan metaal dêr't de Boeing 247 en de Douglas DC-2 it antwurd op wienen.

De earste flecht nei Nederlânsk-Ynje[bewurkje seksje | edit source]

Mei de F.VII is foar it earst fan Nederlân nei Nederlânsk-Ynje flein wurden. De flecht waard organisearre troch it "Comité vliegtocht Nederland - Indië". It ienmotoarige tastel, de H-NACC, wie fan de KLM. De bemanning bestie út de fleanders Thomassen à Theussink van der Hoop (KLM) en Van Weerden Poelman (Loftfeartôfdieling) en de boardwurktúchkundige Van den Broeke. Op 1 oktober 1924 waard útein set op Skiphol. Twa dagen letter makke in motorsteuring in needlâning nedich by Plovdiv yn Bulgarije. It tastel rekke licht skansearre en koe makke wurde, mar de motor moast ferfongen wurde. Under de lêzers fan it tydskrift "Het Leven" waard jild samle en dêr koe in nije motor fan kocht wurde. Op 2 novimber 1924 koe de flecht fuortset wurde. Op 23 novimber waard Muntok berikt en op 24 novimber waard eindoel Batavia berikt dêr't in útskroevene kloft minsken de bemanning ynhelle.

De H-NACC is nei in tal pleatslike flechten út elkoar helle en mei in stoomskip fan de Keninklike Rotterdamske Lloyd werom nei Nederlân brocht. Op 9 july 1926 ferûngemakke de masine yn tichte mist by Wolvertem (Belgje).

Loftfeartpioniers[bewurkje seksje | edit source]

De F.VII is troch mennich loftfeartpionier brûkt:

  • Fan 1926 oant 1928 makke de Australyske poalûndersiker Hubert Wilkens ferskate flechten nei de Noardpoal. Op de 'Detroit Arctic Expedition' brûkte er in F.VIIa en in F.VIIb/3m. Dizze ûndernimmingen mei piloat Carl Ben Eielson slaggen net sa bêst.
  • Richard E. Byrd, Bernt Balchen en twa oaren fleagen yn juny 1927 yn de Fokker C-2 America oer de Atlantyske Oseaan nei Frankryk, dêr't hja in needlanning op it strân meitsje moasten. Dat wie de tredde slagge oerstek mei in tastel-swierder-as-lucht fan de Atlantyske Oseaan.
  • Luitenant-kolonel ‘Dan’ Minchin, kaptein Leslie Hamilton en Prinsesse Loewenstein-Wertheim besochten op 31 augustus 1927 yn harren F.VIIa St.Raphael as earsten de Atlantyske Oseaan oer te stekken. Harren lot is noch hieltyd ûnwis.
  • Amelia Earhart waard de earste frou dy't de Atlantyske Oseaan oerstiek op 17 juny 1928 as passazjier oan board fan de F.VIIb/3m Friendship.
  • In groep fan U.S. Army Air Corps-piloaten laat fan Majoor Carl Spaatz sette mei de C-2 Question Mark boppe Los Angeles in rekord fan mear as 150 oere oanien fleane fan 1 januari oant 7 januari 1929. It doel wie eksperimintearje mei bytanke yn de loft.
De Southern Cross yn 1943.

Technyske feiten (F.VIIa-3m)[bewurkje seksje | edit source]

Feiten
Bemanning 2
Passazjiers 8–10
Lingte 14,35 m
Spanwiidte 19,30 m
Hichte 3,81 m
Wjukoerflak 58,5 m²
Leechgewicht 1.950 kg
Startgewicht 3.650 kg
Heechste faasje 185 km/û op 1.980 m
Tsjinstplafond 2.600 m
Fleanberik 1.160 km
Motor trije 9-sylinder-stjermotors Wright J-5 Whirlwind fan 164 kW it stik

Fergelykber[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]