Loftskip

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
LZ13 "Hansa", 1912

In loftskip is in loftfartúch wat sweeft yn de loft en wat stjoerd wurde kin.

Bou[bewurkje seksje | edit source]

Trochdat in loftskip folle is mei in gas dat lichter is as loft, sweeft it. In loftskip hat al ien as mear motoaren, mar dy wurde allinnich brûkt foar opdriuwing; se hoeche it loftskip net yn de loft te hâlden. Trochdat in loftskip wat in sigaarfoarm hat kin it mei help fan roeren maklik stjoerd wurde. Romte foar passazjiers of fracht kin útsparre wêze yn de sigaarfoarm, of kin der yn in gondel ûnder hingje. De earste loftskippen hienen in folling fan wetterstofgas, mar om't dat tige brânber is is letter oergongen op helium.

De Graf von Zeppelin

Types[bewurkje seksje | edit source]

Seppelin 
In loftskip mei in stive bou. De grutste loftskippen wienen seppelins; de stive bou makket gruttere skippen mooglik.
Blimp 
In loftskip dat yn foarm holden wurdt troch oerdruk fan it gas. In blimp is ienfâldiger bouber as in Seppelin, mar kin net likegrut boud wurde. In soad blimps wurdt brûkt foar reklame.
Heal-stiif loftskip 
In loftskip dat boud is as in blimp, mar mei in part dat stiver boud is. Dit jout it loftskip foar in part al foarm, en de oerdruk kin dan leger wêze.
Sinker 
In loftfartúch dat foar in grut part itselde is as in loftskip, mar yn stee fan te sweevjen brûkt it foar in part fleanmasine technyk om yn de loft bliuwe te kinnen.
Grutte-hichte loftskippen 
Unbemande loftskippen op grutte hichte. De Feriene Steaten hawwe de kabel-ferzjes yn gebrûk by de Mexikaanske grins, mar los fleanende ferzjes, dy't as loftsatelyten brûkt wurde sille, binne yn in fier stadium fan ûntwikkeling. Undersyk wurdt ek dien nei hybride systemen dy't in omrinbaan berikke kinne moatte.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Utfining[bewurkje seksje | edit source]

Hast sûnt de útfining fan de loftballon yn 1783 is der besocht ballons better stjoerber te meitsjen. It begjin wie de earste loftballon mei in, hânmjittige, propeller, fan Jean-Pierre Blanchard yn 1784. Yn 1852 kaam it loftskip fan Henri Giffard, oandreaun troch in steammasjine en allinnich stjoerber as der hast gjin wyn wie. Nei ferskate oare masines wie La France, fan Charles Renard en Arthur Krebs, yn 1884 it earste wier bestjoerbere loftskip.

Gouden tiid[bewurkje seksje | edit source]

Oan it begjin fan de 20e ieu waard de seppelin fan David Schwarz ûntwikkele ta modellen dy't brûksum wienen foar post- en passazjiertransport. Yn de Earste Wrâldkriich waard ek besoch de seppelins foar de oarloch yn te setten, mar yn de rin fan de oarloch waarden de fleanmasines ûntwikkele ta bettere oarlochswapens. Nei de oarloch begûnen ek oare lannen mei de bou fan seppelins. Dit wienen gruttere loftskippen dy't lange ôfstannen fleane koenen. Mar yn de rin fan de tritiger jierren wienen der ferskate ûngemakken mei seppelins, wêrfan op 6 maaie 1937 de ramp mei de Hindenburg, it grutste loftskip ea, de ferneamste is. De bou fan passazjiers-seppelins stoppe. Nei de Twadde Wrâldkriich hienen de fleanmasines it plak fan de loftskippen ynnaam.

Blimps[bewurkje seksje | edit source]

Fral yn Amearika waarden yn de Twadde Wrâldkriich in soad blimps boud, dy't brûkt waarden om út de loft út te sjen nei ûnderseeërs. Yn de twadde helte fan de 20e ieu, waarden blimps yn de Feriene Steaten ynset foar reklame en foar tillefysjekamara's by sportbarrens.

Zeppelin NT, 2003

Resinte sitewaasje[bewurkje seksje | edit source]

Yn de njoggentiger jierren fan de 20e ieu binne der ferskate nije loftskipmodellen ûntwikkele. It mienskiplik kenmerk fan dizze modellen is dat se folle presiser stjoerber binne as de âlde modellen. Fan dizze nije modellen is de Zeppelin NT (feitlik in blimp) it ferneamst. Fan dit model, in sinker, binne yndie in pear loftskippen boud. Ek yn ditselde desennium binne der ferskate projekten opset foar grutte-hichte loftskippen. Fierder binne der stúdzjes starten nei sitewaasjes dêr't loftskippen, mei harren legere brânstofferbrûk, ekomomysk wêze kinne.