Blimp
Ut Wikipedy
In blimp is in slap loftskip. Yn tsjinstelling ta de stive zeppelin hat in blimp gjin skelet. De foarm fan in blimp ûntstiet troch oerdruk fan it gas dêr't er mei fold is. Neist dit slappe type bestiet der ek in healstiif type, dy't gjin folslein skelet hat, mar wol in stevige kyl ûnder in grut part fan de ûnderside fan de ballon, dêr't de gondel oan fêst sit.
De term blimp komt wierskynlik fan Lt. A.D. Conningham fan de Britske Keninklike Marine yn 1915.
Trivia [bewurkje seksje]
- Captain Beefheart skreau in nûmer mei de titel The Blimp