Seppelin

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
USS Los Angeles (ZR-3) boppe Manhattan, New York 1930.

In seppelin is in loftskip mei in stive bou. (By útwreiding wurdt de namme ek wol brûkt foar alle soarten loftskippen.)

Bou[bewurkje seksje | edit source]

Yn in ramt fan aluminium sitte ien of mear sellen folle mei in gas dat lichter is as de bûtenlucht. Oan of yn it ramt binne ek de oandriuwing en de romten foar bestjoering en foar passazjiers of fracht befestige.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Earste seppelins[bewurkje seksje | edit source]

Op de ein fan de 19e ieu waarden troch ferskate persoanen loftskippen ûntwikkele. Ien fan harren wie David Schwarz út Zagreb. Hy brûkte in stiif ramt, mar by syn demonstraasje yn Sint Petersboarch die bliken dat it ramt te swier wie. Ruslân woe der doe net mear oan, mar Dútslân al. Mei jild fan it Dútske Ministearje fan Oarloch waard in nij loftskip boud, dizze kear mei in ramt fan it "nije" metaal aluminium. Nei de dea fan David Schwarz makke syn widdo Melanie Schwarz it projekt ôf, en op 3 novimber 1897 wie de earste flecht fan wat letter in seppelin hjitte soe. Greve Ferdinand von Zeppelin kocht it patint, en liet it fierder ûntwikkelje. Syn earste slagge flecht mei in seppelin, de LZ1 hold er op 2 july 1900. Noch net iens tsien jier letter wienen seppelins út ferskate Dútske fabryken yn fêst gebrûk foar posttsjinsten en foar reizgers.

Earste Wrâldkriich[bewurkje seksje | edit source]

Yn de Earste Wrâldkriich hat it Dútske leger de seppelins ek brûkt, mar om't seppelins yn dy tiid wetterstof brûkten, wienen se al tige kwetsber. De fleantúgen waarden troch de oarloch rap ferbettere, en om de seppelins brûke bliuwe te kinnen moasten dy ek ferbettere wurde. It leger brûkte de patinten fan de oare fabryken om de seppelins út de Zeppelin-fabryk te ferbetterjen, en ûntwikkele seppelins dy hieltiid mear fracht hâlde koenen, en dy't heger fleane koenen om de fleantúchen kwyt te reitsjen. Om't de fleantúchen úteinlik bettere oarlochsmasines wienen, en om't Ferdinand von Zeppelin sels op 8 maart 1917 ferstoarn wie, waard de ûntwikkeling fan de seppelins yn de rin fan 1917 stoppe.

Graf Zeppelin[bewurkje seksje | edit source]

Nei de oarloch waarden in ferskate lannen projekten mei seppelins begûn. Mei muoite koenen de Zeppelin-fabryken, no ûnder lieding fan Dr. Hugo Eckener, ek fierder. De seppelins wienen in de oarloch al grut wurden, mar no waarden se noch grutter. De measte lannen gongen net troch mei harren projekten, dat doe't op 18 septimber 1928 de LZ127, de Graf Zeppelin, syn earste flecht makke wie dat, mei in lengte fan 236,6 meter it grutste loftskip ea.

Ungemakken[bewurkje seksje | edit source]

Twa oare lannen dêr't noch Seppelins boud waarden krigen mei swiere ûngemakken te meitsjen. Grut-Brittanje woe in hiel network fan seppelintsjinsten, troch gâns it ryk. Twa proefmodellen waarden boud; de R101 dy't boud wie troch it Loftministearje wie dúdlik minder. Dochs gie dy in 1930 ûnderweis nei Yndia, en op 5 oktober fleach er te platter by Beauvais yn Frankryk. It gefolch wie dat al wie de R100 dúdlik better, Grut-Brittanje doch stoppe mei seppelins. De FS hienen it grutste seppelinûngemak ea doe't de Akron, op 3 april 1933, mei 76 minsken yn de Atlantyske Oseaan foel, en mar 3 minsken it oerlibben. Doe't yn april 1935 de Macon yn de Stille Oseaan foel, waard ek yn de FS stoppe mei it brûken fan seppelins.

Hindenburg[bewurkje seksje | edit source]

De Hindenburg yn e brân

Al nei it ûngemak mei de R101 waard it ûntwerp fan de Dútske seppelins feroare. De LZ129, de Hindenburg, waard ûntwurpen op feilichens. Dochs waard it ûngemak mei de Hindenburg in byld fan de ûnfeilichens fan de seppelins. Doe't 6 maaie 1937 de Hindenburg, de grutste seppelin ea, de fêste tsjinst nei New York oernaam fan de Graf Zeppelin, waard de earste oankomst opnaam mei de kamera. Sadwaande waard op film fêstlein hoe't de Hindenburg yn 'e brân fleach, en 36 minsken stoaren, wylst 61 it oerlibben. De polityke situaasje wie sa dat Dútslân en de FS beide de oare partij as de skuldige oanwize woenen, en dêrom it ûngemak sa slim mooglijk ôfskilderen.

Ein fan de seppelins[bewurkje seksje | edit source]

De L130, de Graf Zeppelin II waard hjirnei al noch ôfboud, mar der wie gjin eare mear mei te beheljen. De seppelin waard ofsjeel allinnich binnen Dútslân brûkt, al wie dat faken ticht by de grins, en waard der nochalris in defekt melden wêrtroch de masjine in skofke boppe fijandich gebiet hong. Yn 1940 waarden de lêste seppelins troch Dútslân útelkoarhelle, sa't sein waard om't it materiaal foar de oarloch brûkt wurde koe.

Takomst[bewurkje seksje | edit source]

Nei de oarloch binne der gjin seppelins mear boud. Foar faasje en transport waard no it fleantúch brûkt, foar stadichens de blimp. Mar der komt stadichoan fraach nei gruttere loftskippen, en in blimp kin net al te grut wurde. Oant no ta wurdt de oplossing socht yn it heal-stiif loftskip en yn sinkers. Mar it is mooglik dat der ek wer fraach komt nei seppelins.