Douglas DC-2

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De oarspronklike Douglas DC-2 PH-AJU Uiver

De Douglas DC-2 wie in twamotoarige fleanmasine foar 14 passazjiers, boud troch de Douglas Aircraft Company fan 1934 ôf. Yn 1936 kaam Douglas mei in gruttere ferzje, dy't as Douglas DC-3 wrâldferneamd waard en de meast boude fleanmasine út de loftfeartskiednis waard.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Oant de jierren 1930 bestiene fleanmasines meast út in ramt fan hout, bespand mei linnen. Nei inkelde slimme ûngemakken waard de rop om metalen tastellen hieltyd grutter, omdat oannaam waard dat dy feliger wêze soene. It earste folslein metalen fleantúch wie de Boeing 247, dêr't sawt he hiele produksje fan nei United Airlines gong. Dat hie fan gefolgen dat de maatsckippij Transcontinental and Western Air, it lettere Trans World Airlines, in oprop oan in tal oare fabrikanten die om in metalen tastel te ûntwikkeljen. Douglas' antwurd wie de Douglas DC-1, dy't yn in bytsje wizige foarm as de DC-2 yn produksje gie.
It tastel makke in soad yndruk. TWA bestelde 20 tastellen, en oare Amerikaanske en ek Jeropeeske maatskippijen, sa as KLM, LOT en Swissair, folgen. Ek de KNILM (Keninklike Nederlânsk-Ynjyske Loftfeart Maatskippij) kocht trije eksimplaren. De tastellen foar de Europeeske merk waarden makke troch Fokker. Totaal waarden 156 DC-2's boud.

De earste DC-2 fan de KLM, de PH-AJU "Uiver" waard wrâldferneamd troch it winnen fan de handikepklasse fan de lofttrace Londen - Melbourne yn 1934. Yn it algemien klassemint fan de race waard de Uiver twadde. Allinne de spesjaal foar dizze wedstriid boude De Havilland DH.88 "Grosvenor House" wie earder. Noch foar de ein fan 1934 (en noch foar de levering fan mear DC-2's oan de KLM) gie de Uiver by in fleanramp yn de Syryske woastyn ferlern.

De DC-2 no[bewurkje seksje | edit source]

De twadde DC-2 PH-AJU "Uiver" (c/n 1404)

Anno 2009 binne der noch fjouwer DC-2's oer, dêr't ien fan de loft yn mei:

  • c/n 1404: It Aviodrome yn Lelystêd hat de ienichste DC-2 dy't noch fleane kin. Yn july 2005 is it tastel troch it lâningsstel sakke, mar yn juny 2007 mocht it wer fleane. Dit tastel, earst eigendom fan de Amerikaanske Marine, is skildere yn de kleuren fan de wiere "Uiver", en hat ek syn namme en syn registraasjenûmer PH-AJU oernaam.
  • c/n 1368: In earder Pan Am tastel stiet in it Museum of Flight yn Seattle.
  • c/n 1288: De Dutch Dakota Association hat in DC-2, dy't fier fan ree om te fleanen is. It is de bedoeling om ek dit tastel de loft wer yn te krijen. De earste eigner wie Eastern Air Lines.
  • It Central Finland Aviation Museum hat de lêste DC-2 op'e noed. Ek stiet der noch in romp sûnder wjukken yn it Finnish Aviation Museum.

Technyske feiten[bewurkje seksje | edit source]

Lingte 19,1 m
Spanwiidte 25,9 m
Hichte 4,8 m
Oandriuwing Twa Curtiss-Wright Cyclone GR-F53 motoren fan 540 kW it stik
Heechste faasje 338 km/h op 2070 m hoogte
Fleanberik 1750 km
Bemanning drie koppen
Fleanplafond 6930 m
Leechgewicht 5650 kg
Startgewicht 8420 kg

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • N. Geldhof & P.C. Kok: Douglas DC-2, de eerste blikken vogel van de KLM en de KNILM. Bonneville, Bergen (N.H.), 1997. 335 p. ISBN 90-73304-19-9