Engel Molenaar
Engel Molenaar | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 10 maaie 1868 | |
berteplak | East-Flylân (Flylân) | |
stoarn | 24 oktober 1939 | |
stjerplak | Koog aan de Zaan (Noard-Hollân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | ûnderwizer, publisist | |
reden bekendheid |
skriuwer fan hast it iennichste oerlevere Flylânsk |
Engel Molenaar (East-Flylân, 10 maaie 1868 – Koog aan de Zaan, 24 oktober 1939) wie in Nederlânsk ûnderwizer en publisist dy't berne wie op it (doe noch) Noard-Hollânske Waadeilân Flylân.[1][2]
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Molenaar wie hikke en tein op Flylân, mar ferliet it eilân doe't er fjirtjin jier wie. Hy folge in oplieding ta ûnderwizer oan 'e kweekskoalle yn Alkmaar en brocht jierren troch mei reizgjen (backpacken, soe men tsjintwurdich sizze) troch de Feriene Steaten, Frankryk, Dútslân en Belgje. Mei 48 jier fêstige er him yn Midslân, op Skylge, dêr't er foar de klasse stie. Doe't er 62 jier wie, ferfear er nei Medemblik, yn West-Fryslân. Ynsafier't bekend is, hat er nei syn fjirtjinde nea mear op Flylân wenne. Njonken syn skoalmasterskip publisearre er oer de natoer en skiednis fan Flylân, en teffens skreau er – blykber inkeld om't er der aardichheid oan hie, want hy publisearre se nea – in stikmannich koarte ferhaaltsjes yn it Flylânske dialekt. Dêryn beskreau er benammen autobiografyske foarfallen út syn jonkheid op it eilân. Molenaar ferstoar yn 1939, mar syn ferhaaltsjes waarden yn 'e njoggentiger jierren fan 'e tweintichste iuw weromfûn en troch J.H. Nanninga publisearre yn it tydskrift fan 'e histoaryske feriening fan Flylân. Se foarmje it grutste part fan 'e oerlevere teksten yn it no útstoarne Flylânske dialekt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|