Eduardo Chillida

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Skulptuer Berlyn (2000), kantoar fan de Bûnskanselier yn Berlyn
Monumint foar Thyssen (1971), Düsseldorf

Eduardo Chillida Juantegui (San Sebastian, 10 jannewaris 1924 – dêre, 19 augustus 2002) wie in Spaansk-Baskyske byldhouwer.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Fan 1943 oant 1946 studearre Chillida arsjitektuer yn Madrid. Yn 1949 ferhuze hy nei Parys, wêr't hy in atelier ynrjochte. Yn 1949 waard hy kurator fan it "Musée National d´Art Moderne Salon de Mai". Yn 1950 (neffens oare boarnen: 1951) gie hy werom nei San Sebastian. Fan 1959 oant 1977 die hy mei oan ferskate documenta-tentoanstellings: documenta II, documenta III, 4. documenta en documenta 6 yn Kassel. Yn de tachtiger en njoggentiger jierren waarden der wichtige retrospektiven organisearre yn New York City, Bonn, Münster, Berlyn, Frankfurt am Main en San Sebastian.

Yn syn earste wurken lei Chillida him noch ta op de minslike foarm (meastal torso's en bustes yn stien útfierd). Lettter waarden syn bylden massiver en abstrakter en kreëarre hy mear monumintale wurken foar de iepenbiere romte (faak yn beton, granyt, jitizer of waarfêst stiel). Gauris joech er de bylden Baskyske nammen.

Syn grutste ûnfoltôge wurk is in gat yn de Tindayaberch op it Kanaryske eilân Fuerteventuera. It wie de bedoeling om it hert fan de berch út te dollen mei in kubus fan 50 by 50 meter. Dy lege romte moast dan 'in plak fan tolerânsje' wêze. De lokale oerheid woe der in nij wrâldwûnder fan meitsje, mar natoerbewegings hawwe de plannen oant no ta opkeard.

Chillida hearde ta de wichtichste byldhouwers fan de tweintichste ieu. Alle besikers fan San Sebastian wolle 'De Wynkaam' sjen. De grutte earms fan stiel stekke út oer de see en omklamje de hoarizon. Se binne oan de stêd skonken troch Chillida. Op it byldepark

Byldeparken[bewurkje seksje | edit source]

Syn wurken wurde tentoansteld yn foaroansteande byldeparken, lykas:

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]