Springe nei ynhâld

Diana Gabaldon

Ut Wikipedy
Diana Gabaldon
skriuwer
Diana Gabaldon yn 2010.
Diana Gabaldon yn 2010.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Diana Jean Gabaldon
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 11 jannewaris 1952
berteplak ? (Arizona)
etnisiteit Ingelsk
Meksikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre hist. romans, fantasy, detektives,
aventoereromans, romantyske
fiksje
tema's tiidreizgjen, homoseksualiteit
bekendste
  wurk(en)
Outlander-rige
Lord John-rige
útjouwer Arrow Books
Canongate Books
Meulenhoff (Nederlân)
prizen RITA Award 1991
jierren aktyf 1991 – no
offisjele webside
www.dianagabaldon.com

Diana Gabaldon (folút: Diana Jean Gabaldon; Arizona, 11 jannewaris 1952), is in Amerikaansk skriuwster fan mingd Ingelsk en Latino-komôf. Hja is wrâldferneamd wurden mei har Outlander-rige (yn Nederlân bekend as de Reiziger-syklus). Yn har boeken kombinearret Gabaldon eleminten fan histoaryske fiksje, detektiveferhalen, aventoereromans, romantyk en fantasy.

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gabaldon waard yn 1952 berne yn 'e steat Arizona, as de dochter fan Tony Gabaldon (1931-1998), in lid fan 'e steatssenaat fan Arizona. Hja groeide op yn Flagstaff, en folge fan 1970 oant 1973 in stúdzje soölogy oan 'e Universiteit fan Noardlik Arizona, dy't se ôfsleat mei it beheljen fan in bachelorstitel. Neitiid learde se fierder yn seebiology oan it Scripps Ynstitút foar Oseanografy fan 'e Universiteit fan Kalifornje, San Diego, en behelle yn 1975 dêryn in masterstitel. Dêrop kearde se werom nei de Universiteit fan Noardlik Arizona foar har doktoraalstúdzje yn gedrachsekology, dêr't se yn 1978 op promovearre. Yn 2007 ûntfong se dêrnjonken fan deselde universiteit ek noch in earedoktoraat.

Diana Gabaldon yn 2017 by in synjearsesje fan har boeken.

Wittenskiplike karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e tachtiger jierren wurke Gabaldon foltiids as assistint-heechlearaar yn it Sintrum foar Miljeustúdzjes fan 'e Steatsuniversiteit fan Arizona, dêr't se wittenskiplik ûndersyk die, har ûntjoech ta in ekspêr op it mêd fan kompjûters en databases, en lesjoech oer anatomy en oare ûnderwerpen. Se wie in oprjochtsjend redaksjelid fan 'e Science Software Quarterly, in blêd oer kompjûters dat ien kear yn it fearnsjier ferskynde. Dêryn en foar oare tydskriften skreau se technyske artikels en resinsjes oer software, en teffens wie se auteur fan populêr-wittenskiplike artikels en stripferhalen foar Disney.

Skriuwkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1988 besleat Gabaldon om in roman te skriuwen, om gjin oare reden as om te sjen oft se dat koe, en sûnder lykfol hokker bedoeling om it resultaat ea oan immen sjen te litten. Om't se as wittenskipster (yn it pre-ynternet-tiidrek) goed bekend wie mei it dwaan fan research, liek har in histoaryske roman it meast foar de hân lizzend ta. In ôflevering fan 'e science fiction-tillefyzjesearje Doctor Who, wêryn't it tiidreizgjende titelpersonaazje in Skot út 'e achttjinde iuw mette, besoarge Gabaldon op it krúsjale momint in weach fan ynspiraasje, en se besleat om har boek te situëarjen yn it Skotlân út 'e ûnlijige tiid fan 'e Jakobityske Opstân fan 1745. As tsjinhingster fan al dy Skotten yntrodusearre se in Ingelske frou, mar dat personaazje naam al rillegau it hiele ferhaal oer en begûn der snedige opmerkings en moderne observaasjes oan ta te foegjen dy't net goed te krijen wiene mei har achttjinde-iuwsk komôf. Om it personaazje te behâlden sa't it wie, besleat Gabaldon it konsept tiidreizjgen yn it ferhaal te yntrodusearjen.

Feuer und Stein, de Dútske oersetting fan Outlander.

It boek sa't dat der úteinlik út kaam te sjen, fertelt it ferhaal fan 'e tweintichste-iuwske Ingelske ferpleechster Claire Randall, dy't troch in prehistoaryske kringe fan steande stiennen (lykas Stonehenge) yn it Skotlân fan 1745 bedarret en dêr fereale wurdt op in man út dy tiid, James Fraser, en de Jakobityske Opstân meimakket. Under it skriuwen sette Gabaldon in stik fan it boek op it Compuserve Literatuerfoarum, in foarrinder fan it ynternet, dêr't it lêzen waard troch auteur John E. Stith. Dy brocht har yn kontakt mei literêr agint Perry Knowlton, dy't har nei it lêzen fan it heal foltôge manuskript fan Cross Stitch wol fertsjintwurdigje woe. Hy besoarge har in kontrakt mei in útjouwerij foar in trilogy, Cross Stitch en twa boeken dy't noch skreaun wurde moasten. De Amerikaanske útjouwer feroare de titel trouwens yn Outlander, mar yn Grut-Brittanje ferskynde it boek wol as Cross Stitch. Outlander kaam út yn 1991, en nei't it jiers dêrop ek it ferfolch Dragonfly in Amber publisearre wie, en de beide boeken bêst ferkochten, besleat Gabaldon om har wurk oan 'e universiteit op te jaan en har foltiids op har skriuwen ta te lizzen.

De Outlander-rige, dy't yn Nederlân by útjouwerij Meulenhoff ferskynd is as de Reiziger-syklus, omfiemet op 't heden (hjerst 2014) acht romans en in pear koarte ferhalen. Dêrnjonken is der in companion book (in soarte fan gids mei nijsgjirrige non-fiksje-artikels en sa) oer de Outlander-boeken ferskynd, en yn 2010 waard fan 'e searje The Exile publisearre, dat in grafyske roman is. Fierders is Gabaldon ek de auteur fan 'e Lord John-rige, in spin-off-searje fan 'e Outlander-boeken, dy't draait om it personaazje Lord John Grey, dat yn 'e Outlander-rige mar in byrol spilet. Lord John is in Britsk aristokraat út 'e achttjinde iuw, mar hy is ek in homo. Yn 'e boeken dy't se oan him wijde, lit Gabaldon him misdriuwen oplosse, mar jout se tagelyk in oangripend byld fan hoe dreech oft it libben doedestiden west hawwe moat foar immen mei Lord John syn seksuële oriïntaasje.

Diana Gabaldon is benammen mei de Outlander-rige wrâldferneamd wurden. Foar it boek Outlander wûn se yn 1991 in RITA Award, de wichtichtste priis op it mêd fan 'e romantyske literatuer. Diel 6 út 'e searje, A Breath of Snow and Ashes, kaam yn 2005 binnen op it earste plak fan 'e bestsellerlist fan 'e New York Times. Foar dat boek wûn Gabaldon in Quill Award. Mei de novelle Lord John and the Plague of Zombies, út 'e Lord John-rige, waard se yn 2011 nominearre foar in Edgar Award. Yn 2012 wiene har boeken oerset yn 24 talen en ferskynd yn 27 lannen. Yn 2014 waard yn 'e Feriene Steaten úteinset mei de útstjoering fan it earste seizoen fan 'e tillefyzjesearje Outlander, dy't basearre is op Gabaldon har romanrige.

Diana Gabaldon wennet yn Scottsdale, yn 'e Amerikaanske steat Arizona, mei har man Doug Watkins. Mei him hat hja trije bern, dy't no allegear folwoeksen binne: twa dochters, Laura en Jenny, en ien soan, Sam, dy't sels ek fantasyboeken skriuwt ûnder it pseudonym Sam Sykes. Yn 2009 wurke Gabaldon mei har soan gear by it skriuwen fan it koarte ferhaal Humane Killer.

De Outlander-rige

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
eigentlike romanrige
Gabaldon (rj.) mei Sam Heughan en Caitriona Balfe, dy't de haadrollen fertolkje yn 'e nije tillefyzjesearje Outlander.
  • 1991 – Outlander (yn it Feriene Keninkryk publisearre as Cross Stitch)
    • Nederlânske oersetting: De Reiziger (fert. Annemarie Lodewijk, 1999)
  • 1992 – Dragonfly in Amber
    • Nederlânske oersetting: Terugkeer naar Inverness (fert. Annemarie Lodewijk, 1999)
  • 1994 – Voyager
    • Nederlânske oersetting: De Verre Kust (fert. Annemarie Lodewijk, 2000)
  • 1997 – Drums of Autumn
    • Nederlânske oersetting: Het Vuur van de Herfst (fert. Annemarie Lodewijk, 2001)
  • 2001 – The Fiery Cross
    • Nederlânske oersetting: Het Vlammende Kruis (fert. Annemarie Lodewijk, 2003)
  • 2005 – A Breath of Snow and Ashes
    • Nederlânske oersetting: Sneeuw en As (fert. Fanneke Cnossen, 2005)
  • 2009 – An Echo in the Bone
    • Nederlânske oersetting: Een Echo in de Tijd (fert. Annemarie Lodewijk, 2009)
  • 2014 – Written in My Own Heart's Blood
    • Nederlânske oersetting: Met het Bloed van Mijn Hart (fert. Annemarie Lodewijk, 2014)
  • 2021 – Go Tell the Bees That I Am Gone
    • Nederlânske oersetting: Vertel het de Bijen (fert. Annemarie Lodewijk, Sabine Mutsaers en Anne-Marieke Buijs, 2014)
koarte ferhalen
bondels en omnibusedysjes
  • 2012 – A Trail of Fire (ferhalebondel mei de koarte ferhalen A Leaf on the Wind of All Hallows, The Space Between, Lord John and the Custom of the Army en Lord John and the Plague of Zombies)
  • 2017 – Seven Stones to Stand or Fall (ferhalebondel mei de koarte ferhalen Virgins, The Space Between, Lord John and the Plague of Zombies, A Leaf on the Wind of All Hallows, Lord John and the Custom of the Army, Besieged en A Fugitive Green)
oar
  • 1999 – The Outlandish Companion (in companionboek oer de Outlander-rige)
  • 2015 – The Outlandish Companion, Vol. II (diel 2 fan it companionboek)

De Lord John-rige

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
eigentlike searje
  • 1998 – Lord John and the Hellfire Club (novelle, letter werpublisearre as ûnderdiel fan 'e bondel Lord John and the Hand of Devils)
    • Nederlânske oersetting: Lord John en de Hellevuurclub (fert. Annemarie Lodewijk, yn: De Hand van de Duivel, 2006)
  • 2003 – Lord John and the Private Matter
    • Nederlânske oersetting: Het Dubbelleven van Lord John (fert. Annemarie Lodewijk, 2004)
  • 2003 – Lord John and the Succubus (novelle, yn 'e blomlêzing Legends II, û.red.f. Robert Silverberg; letter werpublisearre as ûnderdiel fan 'e bondel Lord John and the Hand of Devils)
    • Nederlânske oersetting: Lord John en de Succubus (fert. Annemarie Lodewijk, yn: De Hand van de Duivel, 2006)
  • 2007 – Lord John and the Brotherhood of the Blade
    • Nederlânske oersetting: Broeders van het Zwaard (fert. Annemarie Lodewijk, 2007)
  • 2007 – Lord John and the Haunted Soldier (novelle, yn 'e bondel Lord John and the Hand of Devils)
    • Nederlânske oersetting: Lord John en de Spooksoldaat (fert. Annemarie Lodewijk, yn: De Hand van de Duivel, 2006)
  • 2010 – Lord John and the Custom of the Army (novelle, yn 'e blomlêzing Warriors, û.red.f. George R.R. Martin en Gardner Dozois)
  • 2011 – Lord John and the Scottish Prisoner
    • Nederlânske oersetting: Lord John en de Schotse Gevangene (fert. Annemarie Lodewijk, 2012)
  • 2011 – Lord John and the Plague of Zombies (novelle, yn 'e blomlêzing Down These Strange Streets, û.red.f. George R.R. Martin en Gardner Dozois)
omnibusedysje
  • 2007 – Lord John and the Hand of Devils (omnibusedysje besteande út Lord John and the Hellfire Club, Lord John and the Succubus en Lord John and the Haunted Soldier)
    • Nederlânske oersetting: De Hand van de Duivel (fert. Annemarie Lodewijk, 2006)
  • 2012 – A Trail of Fire (ferhalebondel mei de koarte ferhalen A Leaf on the Wind of All Hallows, The Space Between, Lord John and the Custom of the Army en Lord John and the Plague of Zombies)
  • 2017 – Seven Stones to Stand or Fall (ferhalebondel mei de koarte ferhalen Virgins, The Space Between, Lord John and the Plague of Zombies, A Leaf on the Wind of All Hallows, Lord John and the Custom of the Army, Besieged en A Fugitive Green)
  • 2001 – Naked Came the Phoenix (in searjeroman wêrby't Gabaldon en tolve oare auteurs elk ien haadstik skreaune)
  • 2009 – Humane Killer (mei Sam Sykes, yn 'e blomlêzing The Dragon Book: Magical Tales from the Masters of Modern Fantasy)
  • 2009 – Phoenix Noir (koart ferhaal)

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar
1991 RITA Award wûn bêste romantyk Outlander
2005 Quill Award wûn bêste science fiction/fantasy/horror A Breath of Snow and Ashes
2011 Edgar Award nominearre bêste koarte misdieferhaal Lord John and the Plague of Zombies

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.