De Rôt (Drylts)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Rôt
De Rôt


De Rôt is in muonts-stellingmûne yn Drylts dy't yn 1683 boud is yn de Saanstreek as oaljemûne mei de namme "De Walrot", letter ferboud ta houtseachmûne. Yn 1828 is De Rôt ferpleatst nei Drylts.

De Rôt is ien fan de trije houtseachmûnen yn Fryslân. De oaren binne de De Jager yn Wâldsein en De Swel yn Burdaard. Langer as 100 jier seage de mole noch op wynkrêft. Dêrnei rekke de mûne yn ferfal.

De wjukken en it fierdere geande wurk is der ôf- en úthelle en sûnt de ein 70-er jierren is de mûne wer opknapt en draait sûnt dy tiid alle wiken. Ein 20e ieu is njonken de wynmole in mûnderswente boud. De mole wurdt noch brûkt om te seagjen en kin besichtige wurde.

Nei dizze mûne is ek in wenwyk neamd, Plan De Rôt.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]