Elektromotor

Ut Wikipedy
Elektromotoren

In elektromotor is in masine dy't elektryske enerzjy omset yn meganyske enerzjy dêr't in wurktúch mei oantriuwe wurde kin. Elektromotoaren wurde ûnderferdield yn lykstream- en wikselstreammotoaren. Utsein de gewoane motoaren dy't in rotearjende beweging opleverje, binne der ek lineaire motoaren. In elektromotor wurdt brûkt yn masines dêr't wat bewege moat, faak wat mei in rûndraaiende beweging.