Carl von Ossietzky Universiteit

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Carl von Ossietzky-Universiteit

De Carl von Ossietzky-Universiteit sit yn Aldenboarch (Oldenburg) yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. Hoewol't Oldenburg al sûnt 1793 in leararenoplieding hie, waard de earste universitêre ynstelling earst 1973 iepene. De universiteit is de streekrjochte opfolger fan de pedagogyske hegeskoalle fan Aldenboarch.

De universiteit hjitte earst Universität Oldenburg. Yn 1992 kaam in ein oan sa'n tweintich jier toulûken tusken universiteit en polityk en koe de universiteit nei skriuwer, fersetsstrider en Nobelpriiswinner Carl von Ossietzky ferneamd wurde.

Fakulteiten[bewurkje seksje | edit source]

De universitêre leararenoplieding en it wittenskiplik didaktysk ûndersyk binne it besitekaartsje fan de universiteit.